Ljouwerter strjitfestival nei septimber, gondelfeart Droegeham nei 2022

16 apr 2021 - 14:19

It Ljouwerter strjitfestival wurdt dit jier ferpleatst nei septimber. Dat skriuwt de organisaasje op harren webside. "Straattheater moet je voelen, van dichtbij beleven, in het echt, dat werkt gewoon niet via een scherm," sa fertelt artistyk lieder Léonie Dijkema. Om de kâns op dy ûnderfining sa grut mooglik te meitsjen, wurdt it festival dit jier holden fan 16 oant en mei 19 septimber.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Dijkema leit út wêrom't de kar makke is. "We gaan er vanuit dat wij op dat moment weer de unieke dynamiek en magie van straattheatervoorstellingen, maar ook van live muziek en cross-over performances kunnen delen met een breed publiek."

Gondelfeart Droegeham nei 2022

De gondelfeart op tsjillen yn Droegeham giet dit jier hielendal net troch. De organisaasje sjocht tefolle tûkelteammen om de gondelfeart, lykas tradysje, yn de tredde wike fan septimber te hâlden. Sa is it ûnmooglik om mei oardel meter ôfstân in gondel op te bouwen en in oantal groepen en buerten hawwe oanjûn dat se net letter begjinne kinne mei bouwen. Boppedat wol de organisaasje de ûndernimmers yn dizze drege tiden net freegje om sponsorjild.

De organisaasje hâldt wol de mooglikheid iepen om alternative aktiviteiten te organisearjen, wannear't dat mooglik is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)