De Ljouwerter freedsmerk oer 'It dilemma foar Buma'

It soe freedtejûn samar barre kinne dat SC Cambuur sa goed as promovearret. Wat moat boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert dwaan, as der hûnderten supporters nei it Cambuurplein komme? De feestfierders harren gong gean litte, of de coronaregels hanthavenje? De Ljouwerter freedsmerk seach dit as in dreech dilemma foar boargemaster Buma.
© Omrop Fryslân, René Koster
"Ik soe sizze: ferbied it mar, want jo kinne jo noait oan de regels hâlde. Mar as dat bestjut dat jo de ME der op loslitte moatte, dan wurdt in gaos. Dat kin ek net." Mei dat argumint binne de measten der dochs foar om in eventueel feest mar troch de fingers te sjen. "Dat kin net oars, want do hâldst it dochs net tsjin. En plysje-ynset wekt allinnich mar agresje op."
Oaren fine dat elts deselde rjochten en plichten hat. Dus as de supporters no wat mear meie, kinne jo dat rjocht oaren net ûntsizze. Ien fan de freedsmerkbesikers advisearre Buma om mei in Cambuur-trainingspak tusken de supporters te rinnen en ek de plysjeminsken in Cambuurpetsje op te setten. "En it gewoan in oerke gewurde litte."

Drege kar

Fierder waard ek wiisd op it feit dat it bûtendoar wol tafalt mei de besmettingen. Boppedat murk ien op dat de hege hearen harren eigen brulloft ek gewoan fierden en inoar om de nekke hongen. "Dan moatte jo soks foar Jan Modaal fansels net ferbiede."
Konklúzje wie wol dat boargemaster Buma it noait goed dwaan kin. "As er der wat soepel mei omgiet, krijt er grif wer praatsjes fan hegerhân. Nee, ik bin bliid dat ik net yn syn skuon stean."
De Ljouwerter freedsmerk oer it dilemma foar boargemaster Buma