Ljouwerter (27) feroardiele foar dealen kokaïne yn De Westereen

16 apr 2021 - 13:56

In 27-jierrige Ljouwerter, dy't ferline jier oppakt is foar it dealen fan kokaïne yn De Westereen, is freedtemoarn troch de plysjerjochter feroardiele ta in wurkstraf fan 100 oeren en in selstraf ûnder betingst fan trije moanne.

Drugs - Foto: Omrop Fryslân

De man waard yn septimber oppakt om't hy ûnrêstich wie achter it sjoer fan in hierauto. Hy hie doe 82 boltsjes kokaïne by him, en twa telefoans. Ien fan de telefoans wie fan de man sels, de oare wie syn 'wurktelefoan' dêr't minsken drugs bestelle koene.

De offisier fan justysje sei earste dat de Ljouwerter al in jier lang dealde, mar dat koe net bewiisd wurde. De fertochte sels ferklearre dat hy krekt trije wiken dwaande wie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)