Sjoernalist Heinze Bakker (79) ferstoarn

16 apr 2021 - 13:29

Sjoernalist Heinze Bakker is op 79-jierrige leeftiid ferstoarn. Hy wurke tusken 1969 en 2005 foar ferskate omroppen. Hy begûn by de RONO, de foarrinner fan Omrop Fryslân, en gie letter nei Hilversum te wurkjen by de NCRV en de AVRO. Dêrnei makke hy de oerstap nei de NOS. Bakker wie al in oantal jierren siik.

Foto: ANP

Heinze Bakker waard op 2 septimber 1942 berne yn it sikehûs op It Hearrenfean en waard grutbrocht as boeresoan op de pleats Kerkzicht. De pleats hie de namme te tankjen oan it sicht op it tsjerkje fan Koartsweagen, in pear hûndert meter fierderop. Bakker folge de HBS yn Drachten en gie dêrnei nei Grins om ekonomy te studearjen. Yn Grins kaam er fia de Fryske studinteferiening Bernlef yn kontakt mei RONO-sjef Johannes Spyksma. Hy die in stimtest en waard oannommen. Hy bruts syn stúdzje ôf en kaam op 28 july 1966 yn tsjinst fan de RONO: De Regionale Omroep Noord en Oost.

In stikje út in reportaazje fan Heinze Bakker foar de RONO

By de RONO fersoarge Bakker op tiisdeitejûn en freedtejûn út Grins wei it Fryske nijs, die ferslach fan sporteveneminten en makke reportaazjes foar it nijs. Hy die foar de RONO ûnder oare ferslach fan gearkomsten fan Provinsjale Steaten, it skûtsjesilen en it keatsen. Yn 1974 makke Heinze Bakker de oerstap nei de NCRV. Dêr wie er fiif jier lang sjef sport. Yn deselde tiid wurke Bakker út en troch foar it sportprogramma Langs de Lijn fan de NOS.

Heinze Bakker oer de oerstap nei Hilversum

"As jo by de NCRV sieten, waarden jo net achte en wurkje op snein", fertelde Heinze Bakker ein 2019 oan in ferslachjouwer fan de Leeuwarder Courant. Doe't er fanwege sykte fan ien fan de fêste presintatoaren ynfoel by Langs de Lijn foel dat fuortendalik op. Deis dernei stie der in berjocht yn it Algemeen Dagblad: 'NCRV-verslaggevers nu ook actief op zondag'. Heinze Bakker dêroer yn de LC: "Dat wie wat. De NCRV-direksje wie breinroer. Der wiene fuortendaalks al 28 opsizzingen. Dy moast ik allegear in brief skriuwe. Doe haw ik skreaun dat ik myn kristenplicht ferfolle hie troch yn te fallen foar in sike kollega."

Sport

As ferslachjouwer wie Heinze Bakker oanwêzich by mear as 60 ynternasjonale reedrydtoernoaien en by 25 Grand Slam tennistoernoaien. Hy wie acht kear oanwêzich by de Tour de France en ien kear by de Olympyske Spelen.

Heinze Bakker oer syn leafde foar sport

Is in ferslachjouwer noch faak bûten byld, doe't Heinze Bakker Studio Sport begûn te presintearjen op sneintejûn waard er echt bekend by it grutte publyk. Dêr wie it him nea om te dwaan, mar it rûn no ien kear sa.

Foar de kamera

"Ik wie kaam as ferslachjouwer/redakteur en it wie hielendal net de bedoeling om op sneintejûn op telefyzje te ferskinen. Op in bepaald stuit wie de need sa heech, dat se my fregen om it te dwaan. Doe stie ik dêr op sneintejûn foar de kamera's en ik kundige alhiel yn de line fan it draaiboek in fuotbalwedstriid oan. Sparta Hearrenfean of sa. Se starte de bân yn en wat sjocht it folk? NAC tsjin NEC... As der yn dy tiid by de radio wat ferkeard gie, dan wist ik wàt der ferkeard gie én hoe't ik dat herstelle koe. Mar by de telefyzje... Ik seach wol dat it ferkeard gong. Mar wêrom't it ferkeard gong? Ik hie gjin idee. En jo binne Jan Hin, want jo steane foar dy kamera en jo binne dejinge dy't it foar it folk ferkeard docht ek al kinne je der tûzen kear neat oan dwaan. Ik bin frij flegmatyk en ik bin in Fries, miskien dat dat ek in rol spilet, dus ik lûk my der noait safolle fan oan. Op in bepaald stuit naam de regisseur my wer yn byld. No, ik haw der mar wat op omstammere. By de telefyzje is it allegear folle yngewikkelder. Radio is folle simpeler en ek folle direkter. En eins ek folle moaier."

Heinze Bakker oer syn earste kear op telefyzje by Studio Sport

(Advertinsje)
(Advertinsje)