GGD Fryslân set fraachtekens by grut tal testeveneminten

16 apr 2021 - 13:18

GGD Fryslân set fraachtekens by it grutte tal testeveneminten dat de kommende wiken yn Fryslân hâlden wurdt. Neffens Everhard Hofstra binne sokke proefeveneminten opset om ynformaasje te garjen oer hoe't it coronafirus him ûntwikkelet. Mar dat witte wy sa stadichoan wol om't der ek al aardich wat fan dy eveneminten west hawwe. It smyt dus amper nije medyske ynformaasje op, wylst de kâns op besmettingen wol grut is, seit Hofstra.

In testevenemint yn De Harmonie yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân

De yntinsje is prima, jout Hofstra oan. "Het is goed om zulke evenementen te doen om te kijken hoe het werkt: of je mensen aan de voorkant kunt testen, of dat veilig kan en hoe men dat logistiek doet. En natuurlijk of het tot meer besmettingen leidt."

Wat mij betreft gaat dit het stadium van testen voorbij.

Everhard Hofstra, dokter ynfeksjesyktebestriding by GGD Fryslân

Mar Hofstra is yntusken wol kritysk op it tal testeveneminten. "Het is goed dat we dat als testen doen, maar wat mij betreft gaat dit het stadium van testen voorbij. Ik vind dat we langzamerhand ook kunnen zeggen: als we die informatie hebben verzameld, dan zitten we nu door de hoge besmettingen niet op een moment dat we het breed kunnen uitrollen."

Medysk risiko

It gefaar is dochs dat der ien tuskentroch glûpt dy't dochs it coronafirus hat. "Dan kunnen er op een evenement veel besmettingen ontstaan. Het is aan de minister uit te leggen wat precies de gedachte achter deze evenementen is, ik kijk vooral naar het medisch risico. Het Outbreak Management Team heeft dat ook gezegd. Terughoudendheid is echt op z'n plaats. En mensen moeten zeker niet het idee hebben dat je op andere plekken ruimte hebt, buiten de regels om. Die ruimte is er echt nog niet."

Boppedat binne de proefeveneminten mar in drip wetter op in gleone stien, seit Hofstra. "In Fryslân kunnen er per maand zo'n 7.000 mensen meedoen. Daarmee kun je zeker niet zeggen dat alle Friezen de kans hebben om aan een evenement mee te doen."

Everhard Hofstra, dokter ynfeksjesyktebestriding by GGD Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)