Direkteur suertsjefabryk Drachten: "Ferskriklik wat hjir bard is"

"It is fansels in swarte dei. It is ferskriklik wat hjir bard is." Direkteur Alfred Attema krige om twa oere yn 'e nacht in telefoantsje dat der brân wie by syn bedriuw. "Doe binne we hjir hinne gien. De earste gedachte giet út nei dyn minsken, oft dy wol feilich bûten kaam binne. Dat wie gelokkich sa."
De brânwacht en de direkteur oer de brân:
In grutte brân lei fannacht snobbersguodfabryk CCI yn Drachten yn 'e jiske. De skea is hiel grut neffens Attema: "Wy tinke no dat sa'n sechstich prosint fan it bedriuw bewarre bleaun is. Mar dat betsjut fansels net dat we daliks wer oan de slach kinne. Gelokkich ha we noch mear fabriken, dus we sille sjen oft we de produksje oersette kinne nei de oare lokaasjes om sa dochs wer snobbersguod en drop te meitsjen."
De direkteur hat noch gjin idee hoe't de brân ûntstien is: "Nee, dat is noch net dúdlik. De brân is begûn yn it magazyn, dêr leit fansels in soad ferpakkingsmateriaal, dat giet it hurd by in brân. Mar wat ik sei, gelokkich koe elkenien op tiid nei bûten komme, dat bliuwt it wichtichste."