Faksinresten aanst ek weiprikt, faksinaasje bliuwt foarearst oerdeis

16 apr 2021 - 12:31

GGD Fryslân makket in plan foar hoe't resten faksin dy't oerbliuwe brûkt wurde kinne foar minsken dy't offisjeel noch net oan bar binne om yninte te wurden tsjin it coronafirus. De GGD docht dat nei oanlieding fan wat kollega's yn Limburch dogge. Dy makken it faksin op troch it oan minsken te jaan dy't yn de kategory 'schrijnende gevallen' falle. Neffens GGD Fryslân hat de tarieding hjirfoar noch in pear dagen nedich, om't der ôfspraken makke wurde moatte mei oare regio's.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Oer dat opmeitsje wie in soad te dwaan, want earst waard sein dat it net mocht, mar tongersdei hat minister Hugo de Jonge sein dat GGD-regio's sels in oplossing betinke meie foar faksin dat oerbliuwt.

Skrinende gefallen

It giet om skrinende gefallen, seit Everhard Hofstra, dokter ynfeksjesyktebestriding by de GGD. "Mensen voor wie het van belang is om snel gevaccineerd te worden. Er waren al ideeën over, maar met dit bericht van de minister kijken we tocht hoe we dit zo snel mogelijk kunnen inrichten. Daarvoor hebben we huisartsen en medisch specialisten nodig die kijken welke kwetsbare mensen hiervoor in aanmerking komen. Ook willen we dit zo eerlijk mogelijk doen en zo gelijk mogelijk over verschillende regio's. Dus we moeten ook afspraken maken met andere GGD's."

Everhard Hofstra, dokter ynfeksjesyktebestriding by de GGD

Hofstra ferwachtet foar dizze plannen noch in pear dagen nedich te hawwen. Minsken hoege net te beljen nei de GGD, jout hy oan. Hy seit ek mei klam dat it net om in hiel soad prikken giet. "Uit één flacon halen we zes vaccins en per locatie houden we per dag misschien twee tot vier vaccins over. Er zijn ook GGD-medewerkers die nog een vaccin kunnen krijgen. Van belang is ook dat men op korte termijn op een locatie kan zijn."

Faksinaasjes oerdeis

Yn Utrecht en ek yn Drachten waard in proef dien mei nachts faksinearje. "Maar er is voor nu nog niet direct een reden om 's avonds te vaccineren. Overdag is nog ruimte en we zitten ook nog met de avondklok. Als er signalen zijn dat het nodig is en het toegevoegde waarde heeft, kunnen we overwegen om het hier ook te doen."

De GGD nimt it prikken fan minsken ûnder de 60 jier mei oergewicht en minsken mei it syndroom fan Down oer fan húsdokters. Dizze minsken krije no it Pfizer-faksin. Ek soarchmeiwurkers ûnder de 60 jier krije it Pfizer-faksin.

Sa'n 150- oant 180.000 prikken set

In rekôrtal Friezen hat ôfrûne wike in prik krigen: 17.374. Dat is hast dûbeld safolle as in wike earder. De tanimming yn it tal komt benammen trochdat der mear faksins fan Pfizer beskikber wiene. Yn totaal binne troch de GGD no 106.703 prikken set yn Fryslân.

Njonken de GGD wurdt ek faksinearre by sikehuzen, soarchynstellingen en troch húsdokters. Dy hâlde net allegearre sifers by, mar de ynskatting fan de GGD is dat der no yn totaal tusken de 150.000 en de 180.000 faksinaasjes dien binne yn Fryslân. Yn Fryslân wenje goed 520.000 folwoeksenen dy't yn oanmerking komme foar in prik. Dat betsjut dat der in lytse 30 persint in prik hân hat.

Besmettingen

De ôfrûne wike hawwe 15.138 Friezen in test dwaan litten by de GGD. Yn hast alle leeftiidsgroepen gie it nije tal besmettingen omleech. Wol wie by de jongfolwoeksenen tusken de 18 en 30 jier in flinke tanimming. By fyftigers en 70-plussers naam it in bytsje ta. Yn ferpleech- en fersoargingshuzen rûnen de sifers ek op, mar dat kaam benammen troch in útbraak yn in ynstelling foar minsken mei demintens. Yn sikehuzen en op skoallen gie it tal besmettingen omleech. "Het blijft een wankel evenwicht, in de praktijk liggen de ziekenhuizen nog vol met coronapatiënten," seit Hofstra.

(Advertinsje)
(Advertinsje)