Tefolle dioksine yn fleis fan Skotske heechlanners út Lauwersmargebiet

16 apr 2021 - 12:08

It fleis fan Skotske heechlanners en konikhynders út it gebiet rûnom de Lauwersmar hat in te hege konsintraasje dioksine. Dat docht bliken út ûndersyk fan Steatsboskbehear. Earder waarden al te hege dioksine-weardes fûn by fleis fan bisten út de Ooostvaardersplassen en stikken grûn yn Gelderlân.

Foto: RTV Noord, Steven Radersma

"Omdat wij hier vergelijkbare dieren hebben rondlopen (as yn de Oostvaardersplassen, red), hebben we toen besloten ook onze dieren te laten onderzoeken', seit boskwachter Jaap Kloosterhuis tsjin RTV Noord. "We deden dat eigenlijk in de verwachting dat er hier niets aan de hand zou zijn. Maar tot onze grote verrassing en teleurstelling bleek dat de dieren hier ook een te hoge concentratie dioxine in zich hebben."

It is net dúdlik wêr't de dioksine weikomt. "Ik ben geen deskundige," seit de boskwachter, "maar het zou kunnen dat het in de gronddeeltjes zit die de dieren binnenkrijgen bij het grazen. Dat dieren in de uiterwaarden een verhoogde concentratie hebben, kan ik me nog voorstellen. En de Oostvaardersplassen liggen tegen de Randstad aangeplakt. Maar het Lauwersmeergebied zou toch schoon moeten zijn."

Mear ûndersyk

Der is foarearst mear ûndersyk nedich. De NVWA is oan it útsykjen oft der ferbân bestiet tusken dioksine by wylde bisten en boaiemfersmoarging by rivieren del. De resultaten dêrfan wurde fan it simmer ferwachte.

Yn it Lauwersmargebiet libje sa'n 500 Skotske heechlanners en 200 konikshynders. Se wurde dêr troch Steatsboskbehear ynset om de ferbosking fan it gebiet tsjin te gean. Sa no en dan wurdt in part fan de populaasje slachte om de groep net te grut wurde te litten. It fleis wurdt dan ferkocht. Dat bart no foarearst net mear.

(Advertinsje)
(Advertinsje)