Wettertoer yn Sint-Jabik ferkocht

16 apr 2021 - 11:19

De wettertoer fan Sint-Jabik kriget in nije eigener. Wetterbedriuw Vitens hat de toer ferkocht. It ryksmonumint hie al jierren gjin rol mear yn de wetterfoarsjenning en wie troch Vitens bûten bedriuw steld.

Foto: Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude

Oan wa't de toer ferkocht is, wol it wetterbedriuw net sizze. Wol dat de nije eigener yntusken yn petear is mei de gemeente Waadhoeke oer in nije bestimming fan it monumint. Sa soe it idee wêze om de toer foar rekreaasje, keunst en kultuer te brûken.

De wettertoer is boud yn 1957 en is ûntwurpen troch A.P. Wesselman van Helmond. Hy is 41 meter heech, en is eksakt itselde as de wettertoer fan Nes, by Akkrum. Dêr sit tsjinwurdich in hotel yn.

Trefwurden: 
Sint-Jabik Vitens wettertoer
(Advertinsje)
(Advertinsje)