Fedde Breeuwsma ferfangt tydlik wethâlder Pytsje de Graaf (Noardeast-Fryslân)

16 apr 2021 - 10:37

Wethâlder Pytsje de Graaf fan Noardeast-Fryslân wurdt de kommende tiid ferfongen troch riedslid Fedde Breeuwsma. De Graaf sit al twa wiken siik thús, en it liket der net op dat sy binnen in pear wiken wêrom wêze kin, sa seit har partij de FNP.

Foto: Omrop Fryslân, Mats Gies

Neffens fraksjefoarsitter Bert Koonstra woe syn fraksje net te lang wachtsje mei it oanstellen fan in ferfanger: "As we sjogge nei de oankommende finansjele opjeften en ombûgingen dy't op koarte termyn op gemeente Noardeast-Fryslân ôfkomme, wol yn in koälysje sitte, mar gjin beslissingen binnen it kolleezje nimme kinne, wurket yn ús eagen net."

"Mei Fedde Breeuwsma krije wy tydlik in hiele betûfte bestjoerder mei grutte politike ûnderfining dy't sa by it kolleezje oanskowe kin" sa beklammet in ferromme Koonstra. Breeuwsma sil op woansdei 12 maaie offisjeel foardroegen wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)