Veenhoop Festival hopet op 70e edysje yn july, mar wurket mear senario's út

16 apr 2021 - 10:18

De organisaasje efter it Veenhoop Festival mikt der op dat de jubileum-edysje fan it festival gewoan yn de boufak trochgean kin. De 70e edysje stiet op de planning foar 23 oant en mei 26 july. Ein maaie hopet it bestjoer definityf de kar te meitsjen oft it trochgiet of net.

Argyfbyld fan it Veenhoop Festival - Foto: Veenhoop Festival

It bestjoer hat nei ferskate senario's sjoen. Sa is útstelle ek in opsje, mar as je wachtsje oant augustus of septimber hawwe je nei alle gedachten in soad konkurrinsje fan oare festivals.

In wichtich aspekt is ek de beskikberens fan frijwilligers. "Als het afgelopen jaar ons één ding geleerd heeft dan weten we alles pas zeker als het daadwerkelijk juli is," sa skriuwt it bestjoer. Ferline jier waard der in online edysje fan it festival holden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)