Fiifde, en lêste, kontener Baltic Tern út see helle

16 apr 2021 - 10:11

Goed in wike nei't fiif konteners oerboard sloegen fan it kontenerskip Baltic Tern is de lêste kontener burgen en nei de haven fan Skylge brocht. De kontener wie al earder fûn, mar koe noch net earder út it wetter helle wurde. Dêr slagge it bergingsskip Friendship freedtemoarn wol yn.

Foto: ProNews

De fiifde kontener siet fol mei houtfezels. Fjouwer oare konteners, mei ûnder oare aseton en brûkte bakoalje, binne earder al út see helle. Ek waarden tsientallen rollen papier opfiske.

(Advertinsje)
(Advertinsje)