Sjoch hjir nei bylden fan de grutte brân yn Drachten

16 apr 2021 - 08:55

It snobbersguodfabryk CCI yn Drachten rikket noch hieltyd, mar it grutste part fan de brân is al út. De skea oan it fabryk is flink: in grut part kin as ferlern beskôge wurde. Wenningen yn de omkriten kinne noch it bêste harren ramen en doarren sletten hâlde.

Sjoch hjir nei bylden fan de grutte brân yn Drachten

Brânwachtminsken binne al sûnt 1.45 oere dwaande om in grutte brân út te krijen. Dy lei yn de nacht fan tongersdei op freed in snobbersguodfabryk yn Drachten yn 'e jiske.


(Advertinsje)
(Advertinsje)