Wetterskip ferheget wetterkearingen op It Hearrenfean

16 apr 2021 - 08:36

Wetterskip Fryslân nimt op dit stuit sa'n 1,3 kilometer oan wetterkearingen op It Hearrenfean ûnder hannen. "We zijn bezig om een damwand aan te brengen op de waterkering," seit Michel Bartels. "Het water hier is onderdeel van het boezemwater. Dat betekent ook dat het water bij zware regenval wel meer dan 80 centimeter hoger kan komen te staan. Dan komt het over de kering heen en een deel van Heerenveen overstromen. Dus daarom moet het worden aangepakt."

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Ien kear yn de safolle tiid wurde de wetterkearingen toetst. Op It Hearrenfean wiene se noch wol sterk, mar net oeral heech genôch. It giet op dit stuit om in stik yn de omkriten fan de Muntflats, oan de kant fan it treinspoar by de Wederik.

Grienstrook

It plan fan Wetterskip Fryslân wie eins om beammen fuort te heljen en grûn oan te bringen om de hiele boel te ferheegjen. Bartels: "Maar in gesprekken heeft gemeente Heerenveen aangegeven dat men het jammer zou vinden als deze groenstrook zou verdwijnen. We hebben daarom een compromis gevonden. Er komt een stevige damwand om het water te keren. We hebben wel zo'n zes bomen weg moeten halen, maar het grootste deel is bespaard gebleven."

Duorsum oplosse

Foar de daamwand is keazen foar keunststof. "Er worden stalen palen in de grond gezet, daar worden kunststof schermen overheen gezet. Dat is een duurzame oplossing, want het blijft zeker vijftig jaar goed zonder onderhoud, en het materiaal is later weer herbruikbaar." Tusken in tal wenten en de kearing wurde ek noch maatregels nommen. "De weg moet omhoog, met een plateau. Het asfalt gaat eruit, er komen klinkers op voldoende hoogte in."

Ferslachjouwer Johanna Brinkman op It Hearrenfean

It wurk duorret oant en mei juny en kostet sa'n 0,6 miljoen euro. By de Feanskieding komme natuerfreonlike wâlskanten, mei sa'n 600 meter reid. Yn totaal giet it om 1,3 kilometer oan wetterkearing by de Heideburen, Nieuwburen, Breedpad, Badweg, Wederik en de Feanskieding del.

By de Muntflats binne se al wer frij rap klear, seit Bartels. "Ongeveer twee weken bezig met het zetten van de damwand, daarna hebben we nog weer wat tijd nodig om alles weer netjes te maken. Over een half jaar zie je er helemaal niets meer van.

Michel Bartels fan Wetterskip Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)