Kollum: "Faksinaasjeplicht"

16 apr 2021 - 08:13

"Ofrûne freed sei ik dat ik my nettsjinsteande alle beheiningen oangeande dit firus noch wol frij fielde. Dat gefoel waard in stik minder nei it lêzen fan in lytst stikje dat dyselde dei yn 'e krante stie, mei as kop: Mensenrechtenhof: vaccinatieplicht mag.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Hilda Talsma

It Europeesk Hôf foar de Rjochten fan de Minsk hat dus bepaald dat lannen harren boargers ferplichtsje kinne in faksinaasje te nimmen, bygelyks as sy ta de konklúzje komme dat de folkssûnens dat freget. It hôf spruts him út oer de faksinaasjeplicht dy't yn Tsjechië jildt en wêr't de bern tsjin njoggen bernesyktes yninte wurde moatte.

Dizze útspraak is ek wichtich foar de faksinaasjekampanje stjin it coronafirus. Neffens de Frânsman Nicolas Hervieu, saakkundige yn de rjochten fan de minsk, skept it hôf hjirmei ek romte foar in mooglike ferplichte coronaprip en de útspraken jilde ek foar ús lân. Dat wol net sizze dat it hjir ek ferplichte wurdt en it kabinet hat earder al sein dat de coronafaksinaasje frijwillich bliuwe moat. Dochs fielde dizze útspraak as in oanfal op myn gefoel fan frijheid! Want ek al is it hjir noch net ferplichte, as sy it wolle dan kin it neffens my no al.

Ik bin net tsjin faksinaasjes. Mar ik stean der no ek net fuort om te springen, hielendal net as wy de effekten op lange termyn net witte. Der binne in hiele soad minsken dy't har nei alle gedachten al frijer fiele troch in faksinaasje, of guon dy't fine dat har frijheid bedrige wurdt troch de minsken dy't har leaver net ynintsje litte wolle. Yn in artikel op de webside Medisch Contact stiet bygelyks ek dat dy Nicolas Hervieu der op wiist dat it hôf it prinsipe ûnderskriuwt dat der fan minsken dy't minder risiko's oangeande de sûnens rinne, frege wurde kin om harren ynintsje te litten om sa de kwetsberen te beskermjen.

Myn sosjale brein begrypt dit ta in hichte wol, mar myn krityske brein freget him ôf wêrom't der in spuit yn in sûn liif set wurden moat. Faksinearje is net sûnder risiko's is en wannear is de ein dan yn 't sicht? Kwetsbere minsken sille der altyd bliuwe en hoefolle spuiten moatte we wol net nimme om alles út te sluten en wa sil dat bepale? Salang't dit firus der is, hawwe wy de iene nei de oare teory om 'e earen krigen. Binnen in jier binne der ferskate faksinaasjes op 'e merk kommen en ek dêr hearst alle dagen ferhalen oer. Dan binne der ek noch ferskate mutaasjes fan dit firus en sels de wite jassen binne it net mei-inoar iens.

In pear húsdokters hawwe reagearre ûnder it stik op de webside 'Medisch Contact.' Der is ien dy't it prima fynt as it ynintsjen tsjin Covid ferplichte wurde soe. In oar fynt de útspraak in ûntrêstigjende gedachte en in anonime húsdokter skriuwt dat no't de rjochten fan de minsk oanpast (!) wurde hy of sy hopet dat alle kollega's nochris goed neitinke oer wêr't wy op dit stuit mei dwaande binne en oft se in punt meitsje kinne út de beropsgroep wei.

Der is ek in húsdokter dy't seit dat de tastimming fan de pasjint essinsjeel is. In oerheid kin heech of leech springe, mar as it goed is wurket gjin inkele dokter yn Nederlân dêr oan mei. Persoanlik haw ik te min betrouwen yn de oerheid om it rjocht dat ik oer myn eigen liif beslisse kin yn har hannen te jaan, mar aldergeloks is it hjir noch net sa fier. Ik sis hjirmei net dat ik gjin faksinaasje nim, mar om it wol te dwaan, is foar my net in maklik beslút."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)