Ungelok op A31 by Mullum: 21-jierrich slachtoffer slim ferwûne

Op de A31 by Mullum hat freedtmoarn in slim ûngelok west. In bestelbuske is efter op in trailer fan in frachtwein riden. By de oanriding is in 21-jierrige ynwenner fan Eaststellingwerf beknypt en slim ferwûne rekke. Ferskate helptsjinsten en in traumateam binne op it plak kaam. De dyk yn 'e rjochting fan Harns wie ôfsletten, by Frjentsjer waard it ferkear fan de A31 helle. Om 10.45 oere hinne is de dyk wer frijjûn.
© CAMJO media
Der is net bekend makke hoe't it ûngelok krekt ûntstean koe. It slachtoffer is mei slimme ferwûningen nei it sikehûs brocht. De plysje docht ûndersyk nei it ûngelok en siket noch tsjûgen.