FIDEO: Befrijingskonsert yn Ljouwerter Grutte Tsjerke

16 apr 2021 - 14:55

Troch it coronafirus is dit jier in Befrijingskonsert mei publyk net mooglik yn de Ljouwerter Grutte Tsjerke, mar Omrop Fryslân stjoerde it konsert live út sadatst it yn dyn eigen húskeamer 'live' belibje koest. Ljouwerter stedsoargelist Theo Jellema bespile it oargel en boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert hold in taspraak. Ek hat Pieter van Aalst, learling fan it Ljouwerter kristlik gymnasium Beyers Naudé in gedicht foardroegen.

It is de fiifde kear dat it konsert holden waard. Gewoanwei is der sa'n 250 man oan publyk. Foarich jier koe it konsert al net trochgean yn ferbân mei corona, mar dit jier woe de histoaryske feriening fan Ljouwert Aed Levwerd it perfoarst trochgean litte. Foarsitter Daan Postma: "Het is een groot belang voor ons, we willen er een traditie van maken. Maar dan moet je jezelf wel laten zien."

Foarsitter Daan Postma fan Aed Levwerd

De útstjoering is freed 16 april om 15.00 oere op telefyzje, op ynternet en yn de app, werhelling jûns om 21.00 oere op telefyzje.

Omrop Fryslân hat yn it ramt fan 75+1 jier Frijheid ferskate programma's, aktiviteiten en projekten yn 't fet. Lês alles dêroer op omropfryslan.nl/75plus1

(Advertinsje)
(Advertinsje)