FNP fynt dat kolleezje 'te kreatyf' wie mei spulregels Zalen Schaaf

16 apr 2021 - 06:54

It kolleezje fan Ljouwert giet 'te kreatyf' om mei de spulregels fan de eigen priisfraach foar de takomst fan Zalen Schaaf. Dat seit fraksjefoarsitter Jan Willem Tuininga fan de FNP-fraksje yn Ljouwert. De FNP sei tongersdei dat Turfmarkt BV, de winner fan de priisfraach, nei alle gedachten te let west hat mei it ynleverjen fan harren plannen en dêrtroch hielendal net mear meidwaan mocht oan de priisfraach. Neffens it antwurd fan it kolleezje op de FNP-fragen leit dat lykwols oars.

Foto: Wikimedia Commons

Boargemaster en wethâlders skriuwe dat Turfmarkt BV de plannen wol op tiid ynlevere, mar op in ferkeard e-mailadres. Omdat Turfmarkt BV dat ek oantoane kin, meie sy fan it kolleezje gewoan meidwaan.

"In lullifikaasje"

De FNP-foaroanman neamt dy reaksje fan it kolleezje 'in lullifikaasje'. "Wy begripe net hoe't boargemaster en wethâlders mei dizze reaksje komme kinne. De paadwizer mei alle spulregels is hiel dúdlik en dêr moatte alle dielnimmers harren ek oan hâlde. As de gemeente dit folhâldt kin der noait wer in bestek yn Ljouwert komme."

Schaaf mut blieve

De minsken efter it plan 'Schaaf mut blieve' kundigen tongersdei oan dat se fan doel binne om in koart pleit oan te spannen tsjin de gemeente. Tuininga hat dêr alle begryp foar. De FNP stiet efter de plannen fan 'Schaaf mut blieve', mar dat wie foar Tuininga net de reden om no yn aksje te kommen. "It giet ús om de goeie proseduere. Wy fine it net goed hoe't de wethâlder hjirmei omgiet."

Jan Willem Tuininga oer de ferklearring fan it kolleezje

Tuininga hat fernommen dat syn soargen dield wurde troch ferskate oare partijen yn de Ljouwerter gemeenteried en oerwaget om it brief fan it kolleezje oer de folge proseduere te agindearjen foar de riedsgearkomste fan nije wike. "Wy sille sjen wat krekt de bêste stap is, mar dat hjir op 'e nij oer praat wurdt dat is wol wis."

Zalen Schaaf libbet

Tuininga is tongersdei neffens eigen sizzen 'platbelle' oer Zalen Schaaf en de opskuor om de priisfraach hinne en hy begrypt dat ek wol. "Zalen Schaaf libbet ûnder de befolking. It is in emosjoneel beladen ûnderwerp, dat merke wy no ek." De antwurden fan it kolleezje op de FNP-fragen oer de proseduere meitsje it der neffens Tuininga net better op. "Dy roppe allinnich mar mear fragen op en soargje ek foar mear ûnrêst."

(Advertinsje)
(Advertinsje)