Wykoersjoch: tal Fryske coronabesmettingen nimt wer ôf, stjerte wat heger

16 apr 2021 - 06:00

It tal coronabesmettingen dat dizze wike yn ús provinsje meld is, leit opnij leger as de wike derfoar. Dizze wike wiene it der 1.462, ferline wike gie it om 1.533 besmettingen. It tal stjergefallen as gefolch fan it coronafirus gie wat omheech: fan 4 nei 6. It tal nije sikehûsopnamen gie omleech fan 15 nei 11 yn de wike.

Súdwest-Fryslân wer koprinner

De measte besmettingen binne ek dizze wike meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân: it giet om 221 besmettingen. Dêrnei folget Ljouwert mei 196 besmettingen.

Omrekkene nei it tal ynwenners sjitte de gemeenten Harns en Weststellingwerf derboppeút. Yn gemeente Súdwest-Fryslân gie it om 394 besmettingen op 100.000 ynwenners. Yn Weststellingwerf waarden 297 besmettingen op 100.000 ynwenners fêststeld.

Mei mear as 250 besmettingen per 100.000 ynwenners is der neffens it RIVM sprake fan 'extreem veel' nije besmettingen. Dan jildt it risikonivo 'zeer ernstig'. Dat is yn Dantumadiel, Súdwest-Fryslân, De Fryske Marren, Harns en Noardeast-Fryslân it gefal yn de ôfrûne wike. As it tal besmettingen yn de wike tusken de 100 en 250 per 100.000 ynwenners leit, is de situaasje 'ernstig'.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Mear as 36.000 Friezen ha corona hân

Mei de 1.470 positive testen fan de ôfrûne wike is no yn totaal by 36.056 Friezen it coronafirus fêststeld.

It tal stjergefallen gie neffens it RIVM wer wat omheech yn Fryslân: fan 4 nei 6. It offisjele stjertesifer yn Fryslân yn ferbân mei it coronafirus leit no op 458. It werklike tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net elkenien test wurdt. Dêrom is net fan elk stjergefal bekend oft dat oan it firus lei of net.

Sjoch foar mear sifers en foar grafiken oer it coronafirus op ús dossierside.

Wyklikse besmettingen en stjergefallen

WIKE BESMETTINGEN STJERGEFALLEN
9 april - 15 april 1.470 6
2 april - 8 april 1.533 4
26 maart - 1 april 1.651 7
19 maart - 25 maart 1.666 10
12 maart - 18 maart 1.611 10
5 maart - 11 maart 1.180 16
26 febrewaris - 4 maart 1.162 19
19 febrewaris - 25 febrewaris 1.350 21
12 febrewaris - 18 febrewaris 1.129 39
5 febrewaris - 11 febrewaris 1.207 41
29 jannewaris - 4 febrewaris 1.181 30
22 jannewaris - 28 jannewaris 1.310 29
15 jannewaris - 21 jannewaris 1.592 20
8 jannewaris - 14 jannewaris 1.529 18
1 jannewaris - 7 jannewaris 1.697 17
25 desimber - 31 desimber 1.644 19
18 desimber - 24 desimber 1.804 5
11 desimber - 17 desimber 1.384 6
4 desimber - 10 desimber 974 4
27 novimber - 3 desimber 703 9
20 novimber - 26 novimber 672 13
13 novimber - 19 novimber 720 17
6 novimber - 12 novimber 561 6
30 oktober - 5 novimber 838 8
23 oktober - 29 oktober 926 9
16 oktober - 22 oktober 1.051 5
9 oktober - 15 oktober 1.160 2
2 oktober - 8 oktober 666 0
25 septimber - 1 oktober 515 0
Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)