Unike filmbylden akteur Rutger Hauer weromfûn

15 apr 2021 - 22:53

Der binne by in ûndersyk foar in teäterkolleezje oer Amersfoort yn de Twadde Wrâldoarloch âlde filmbylden weromfûn fan de akteur Rutger Hauer. It giet om in koarte film dy't hy mei regisseur Willy Lindwer makke yn 1969 of 1970, yn syn staazjejier oan de Filmacademie. Hauer ferstoar yn 2019 yn syn wenplak Beetstersweach.

Rutger Hauer - Foto: Omrop Fryslân

It is ien fan de earste filmrollen fan Hauer, dy't letter trochbrekke soe yn Hollywood. Hauer spilet yn de koarte film Karl Fürgler, in Dútske SS'er dy't desertearre wie en dêrnei it ferset holp. Op 11 febrewaris die hy mei oan de oerfal op in distribúsjekantoar yn Amersfoort, dy't mislearre. Fürgler waard in dei letter troch de plysje deasketten yn syn skûlplak.

It is de bedoeling dat de film op koarte termyn taheakke wurdt oan Archief Eemland, it histoarysk dokumintaasjesintrum fan Amersfoort. De film sil dan nei alle gedachten ek online beskikber komme.

Sjoch hjirûnder nei de unike filmbylden fan Rutger Hauer (boarne: Willy Lindwer):

(Advertinsje)
(Advertinsje)