Cambuur wint fan Borussia

SC Cambuur hat freed de oefenwedstryd tsjin de beloften fan Borussia Mönchengladbach mei 3-1 wûn. By it skoft wie it 1-0 troch in benutte strafskop fan Oebele Schokker. Nei de tee skoarden Martijn Barto en Michiel Hemmen.
Der wie ek tsjinslach foar oanfaller Vincent Weijl. Hy hat op de training syn skouderbonke brutsen en sil sa'n fiif oant seis wike út de rûlaasje wêze. It jonge talint Mark Diemers makket dit wykein bekend foar hokker earedivyzje klup hy in kontrakt tekenje sil; AZ en Utrecht binne yn de race.
No moandei komt der nei alle gedachten noch in rjochter-oanfaller op proef by Cambuur. De klup woe noch net bekend meitsje om wa't it giet.