KNVB-direkteur Gudde wol kampioensskaal útrikke oan Cambuur: "Ik heb mijn verplichtingen"

As SC Cambuur de titel in de earste difyzje pakt, wurdt de kampioensskaal gewoan útrikt troch Eric Gudde. De direkteur fan de KNVB reagearret dêrmei op wurden fan Cambuur-trainer Henk de Jong, dy't earder op tongersdei sei dat it net ferstannich wêze soe as Gudde dat dwaan soe.
© ANP
"Apart dat een trainer zich opwerpt als woordvoerder van de club", reagearret Gudde. "Wat wil hij hiermee bereiken? Ik heb wel mijn verplichtingen als KNVB-directeur."
Cambuur is freed by winst tsjin Helmond Sport offisjeus wis fan promoasje. De earste twa ploegen meie nei de earedifyzje. Letter dizze moanne kinne de Ljouwerters de titel feilichstelle. De Jong hat al sein dat hy net oan offisjeuze promoasje docht. "As we moarn winne is it offisjeel. Fjirtich goals helje se noait mear yn."

Poerlilk

De Jong wie in goed jier lyn poerlilk doe't de KNVB besleat de kompetysje, dy't stillein wie fanwegen it coronafirus, net mear op te pakken en ek promoasje en degradaasje te skrassen. Cambuur hie op dat momint in enoarme foarsprong en promoasje koe de klup hast net ûntgean.
Omrop Fryslân pakt freedtejûn út mei in ekstra sportprogramma oer SC Cambuur tsjin Helmond Sport. Dat programma is te folgjen op de radio en in livestream online. Presintator Roelof de Vries ûntfangt yn de studio twa âld-spilers fan de Ljouwerters: Mart Dijkstra en Marco van der Heide. Beiden spilen yn it foarige kampioensjier foar de klup.
Yn it stadion dogge ferslachjouwers Geert van Tuinen en Andor Faber yntegraal ferslach fan it duel, dat om 20.00 oere úteinset. Sneon yn it Cambuur Sjoernaal in wiidweidich ferslach fan de jûn, dy't foar Cambuur offisjeus promoasje opsmite moat.
Sjoch foar al it lêste nijs oer SC Cambuur en de promoasjekoarts op ús dossierpagina.