Syrou folget online stúdzjefoarljochting: "Sfear studintelibben kinst no net priuwe"

15 apr 2021 - 21:08

It duorret noch mar in oantal wiken en dan sit de middelbere skoaltiid fan de 18-jierrige Syrou van der Velde út Nijhoarne derop. Yn maaie begjinne de eksamens fan de VWO-learlinge en dêrnei set it grutte aventoer fan it studintelibben útein. Al wit Syrou noch net krekt hokker stúdzje it wurde moat. Dêrom folget se online ferskillende stúdzjepresintaasjes. Diskear dy fan de stúdzje 'Minorities & Multilingualism' fan de Ryksuniversiteit yn Grins (RUG).

Syrou van der Velde - Foto: Syrou van der Velde

Dizze hiele wike kinst online presintaasjes folgje fan stúdzjes oan de RUG yn de Online Bachelorwike. Ek oare mbû-, hbû- en universitêre ûnderwiisynstellingen organisearje online alternativen om takomstige studinten te ynformearjen. Op 1 maaie moatte learlingen harren (formeel) ynskreaun hawwe foar in oplieding.

"Stúdzje mei fokus op myn memmetaal"

Syrou van der Velde út Nijhoarne sit yn de sechsde klasse fan it OSG Sevenwolden op It Hearrenfean. De lêste jierren hat se har al oriïntearre op stúdzjes, mar no moat se ynkoarten dochs in knoop trochhakke. Yn Amsterdam en Utrecht hat se har opjûn foar in foarljochting 'Interdisciplinaire sociale wetenschap'. Tongersdei folge se ek de presintaasje fan de oplieding 'Minorities & Multilingualism' oan de RUG.

By dizze stúdzje kinst dy breed oriïntearje op talen, kultueren, skiednis en polityk fan etnolinguistyske minderheden yn de wrâld. Je leare ek hoe't je ûndersyk dogge nei tema's oer minderheden en meartaligens. Fierder kinst dy ek spesjalisearje yn de rjochting Frysk. Syrou fynt dat hiel nijsgjirrich. "Thús praat ik Frysk mei myn heit, mem en broer. Myn pake wurke froeger altyd by de Ljouwerter Krante en wie hiel bot mei it Frysk dwaande. Ik haw de leafde foar dy taal dus wol fan hûs út meikrigen."

Ferslachjouwer Onno Falkena praat mei Syrou en har âlden (diel 1)

Ynternasjonale stúdzje

Op de basisskoalle hie Syrou Fryske les, mar op de middelbere skoalle hat se it noait hân. Dochs soe Syrou it wol hiel leuk fine om wat mear oer har memmetaal te witten te kommen. "As ik dizze stúdzje folgje soe, dan soe ik ek wol wat mear oer de Fryske taal leare wolle. It is ek wol hiel nijsgjirrich dat in grut part fan de stúdzje yn it Ingelsk is. Dat sprekt my ek wol oan, dat it oan de iene kant in lytsskalige stúdzje is mei each foar it Frysk, mar oan de oare kant ek mei in ynternasjonale ynfalshoeke mei stúdzjegenoaten út Nederlân én it bûtenlân, en de romte om te studearjen yn it bûtenlân."

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Sfear priuwe fan it studintelibben

It giet dit jier allegear oars as oars. Gjin fysike foarljochtingsdagen op de universiteit, net efkes strune troch de gebouwen, of sfear priuwe mei de oare aspirant-studinten. "Dat fyn ik wol echt hiel spitich. Want je wolle dochs ek wol witte wa't oare mooglike studinten binne, hoe't de sfear is en fansels hoe't de sfear yn de studintestêd oanfielt. Want corona of net: dat studintelibben lûkt fansels. "Ik ken Grins wol in bytsje, mar miskien gean ik ek wol nei Amsterdam of Utrecht. As ik kieze soe foar it Westen, wit ik net hoe't it studintelibben dêr eins fielt, want dat moatte je dochs echt sels yn it echt ûnderfine. Dat fyn ik wol echt hiel spitich, mar it is net oars."

"Syrou mei sels kieze"

Heit Henk van der Velde makket der gjin geheim fan. Wat him oanbelanget kiest Syrou foar Grins. "Ik tink dat dit in goeie stúdzje foar har wêze kin. It is lytsskalich, ticht by hûs en de link mei de Fryske taal fine wy ek wol hiel leuk. Mar úteinlik makket Syrou sels de kar." Mem Nynke de Jong follet oan dat Syrou it hielendal sels witte mei. "Oft it no Grins wurdt of Amsterdam, dan ferhuzet se nei in grutte stêd. Wy as âlden moatte har ek gewoan loslitte, dat liket my hiel sûn."

Syrou sels is der noch net hielendal út wat it wurdt. "Ik sil de stúdzjes de kommende dagen nochris goed neist inoar lizze en dan beslute wat it wurdt. Dus it wurdt noch efkes spannend."

Ferslachjouwer Onno Falkena praat mei Syrou en har âlden (diel 2)

Minsken dy't de Online Bachelorwike fan de Ryksuniversiteit Grins mist hawwe, kinne har opjaan foar it online evenemint 'Een Dag Student'.

(Advertinsje)
(Advertinsje)