See-earnen yn De Alde Feanen kinne no elk momint earste jong krije

15 apr 2021 - 19:35

It binne spannende dagen foar fûgelleafhawwers dy't de briedende see-earnen yn Nasjonaal Park De Alde Feanen folgje. De aaien fan de see-earnen lizze as it goed is no mear as in moanne yn it nêst. Dat betsjut dat der elk momint in jong út krûpe kin. Hoefolle jongen dat der krekt binne, bliuwt in ferrassing, fertelt Sip Veenstra fan It Fryske Gea. "Mar ik tink dat der kommende nacht al in jong út it aai krûpe sil."

Hûnderten minsken sjogge alle dagen mei yn it nêst, fia de webcam fan It Fryske Gea. Sy kinne dêr de see-earnen sitten sjen, mar de ynhâld fan it nêst sels bliuwt geheim. Dat makket it ekstra spannend foar de fûgelleafhawwers. "Wy tinke dat der ien of twa jongen út krûpe sille", fertelt Veenstra. "Mar seker witte wy dat net. It wie te dreech om de kamera sa heech te pleatsen. Dat wie te gefaarlik foar de klimmer, en de see-earnen ha it nêst yn de tuskentiid ek noch heger en grutter makke."

Drone

Oardel wike lyn siet de skrik der noch goed yn. Doe wie op de kamera by it nêst in drone te sjen. Dy drone fersteurde de briedende see-earn, dy't oant twa kear ta fuortfleach. Veenstra: "Doe achterfolge de drone sels de see-earn noch. Sa'n aksje kin fansels net, want dan is der kâns dat de fûgels fuortfleane of de aaien skansearre reitsje. Wy sykje noch hieltyd nei de persoan dy't dêr mei de drone fleach, om him of har te fertellen dat dat echt net kin."

It liket op dit stuit allegear goed te gean mei de briedende see-earnen. De fûgels binne hast kontinu by it nêst te finen. It is no wachtsjen op it earste jong, en dat soe wol hiel bysûnder wêze. "Foar de kamera yn Nederlân is dat gewoan unyk. It is dochs prachtich dat wy it sa sjen kinne, dêr is gjin drone foar nedich."

Sip Veenstra fan It Fryske Gea op 'en paad mei ferslachjouwer Mats Gies

Sip Veenstra fan It Fryske Gea - Foto: Omrop Fryslân
Trefwurden: 
De Alde Feanen see-earn nêst
(Advertinsje)
(Advertinsje)