Ljouwert wol plan Zalen Schaaf meitelle, oare ynskriuwer driget mei koart pleit

15 apr 2021 - 18:36

Boargemaster en wethâlders fan de gemeente Ljouwert fine dat it plan fan Turfmarkt BV foar de ferbouwing fan Zalen Schaaf wol meidwaan kin yn de ynskriuwing. Fia de FNP kaam tongersdeitemoarn nei bûten dat Turfmarkt BV it plan, dat útroppen wie ta bêste idee, te let ynlevere hat. Neffens de FNP moat dat betsjutte dat it foarstel útsletten wurde moat. B en W sizze no dat de ynskriuwing te let binnenkaam, omdat de inisjatyfnimmers it nei it ferkearde e-mailadres stjoerden. Bobby Veenstra, in oare yntsjinner fan in plan, slút in koart pleit net út.

Foto: Omrop Fryslan, Jan Durk de Haan

"De ynskriuwing 'Herontwikkeling Speelmanskwartier' is troch de gemeente op emailadres zalenschaaf@leeuwarden.nl ûntfongen op 16 desimber 20.53 oere", stiet yn in ferklearring fan de gemeente Ljouwert. "Dit is nei de stelde deadline fan 12 oere middeis.

De ynskriuwer jout lykwols oan de stikken op tiid (om 11.45) nei in ferkeard e-maildres stjoerd te hawwen. Fan dizze ferkearde adressearring hat de gemeente in ôfskrift ûntfongen, dêr't út op te meitsjen is dat de oarspronklike ynskriuwing wol foar 12 oere middeis yntsjinne is. Mei it each op it doel fan de priisfraach en de feiten lykas hjirboppe te lêzen binne, hawwe wy besletten om de ynskriuwing meidwaan te litten."

Veenstra wol nei rjochter

Dat is min nijs foar filmer Steven de Jong en Bobby Veenstra, de hjoeddeistige behearder fan Zalen Schaaf. Harren plan kaam by de priisfraach op it twadde plak, efter Turfmarkt BV. Yn dat plan wurdt útgien fan behâld en útwreiding fan de teäterfunksje fan Schaaf. It plan fan Turfmarkt BV rjochtet him op de bou fan apparteminten yn it kompleks en in multyfunksjonele benutting fan de seal mei ateliers en wurkromten.

Veenstra is dan ek net bliid mei it nijs. "Ik hear mei ferbjustering dit ferhaal. De 'leidraad' is glêshelder. De regels dy't steld binne troch de gemeente sels, binne glêshelder. Te let is te let. Dêr sit gjin wurd Spaansk by." Veenstra lit it der dêrom ek net by. "De bear is los. De regels kinne net feroare wurde. In koart pleit slút ik net út."

Bobby Veenstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)