Sanne Vermeer as ien fan de favoriten nei EK judo, mar Olympyske Spelen bliuwe út sicht

15 apr 2021 - 18:01

Se wie hast in jier lang swier blessearre, mar is no miskien wol yn de foarm fan har libben: judoka Sanne Vermeer út Stiens. As medaljekandidaat mei se fan it simmer lykwols net nei de Olympyske Spelen yn Tokio. Vermeer rekke yn novimber 2019 swier blessearre oan har hamstring. Doe wiisde it nasjonale judobûn it olympyske ticket ta oan Juul Franssen. It coronafirus soarge foar útstel fan de Spelen, mar de beslissing bleau stean.

Sanne Vermeer net nei Olympyske Spelen

"Dat is natuurlijk heel jammer. Zeker ook omdat, als je kijkt naar de andere kwalificatie-eisen, ik daar wel gewoon aan voldoe. Ik had daar graag willen laten zien wat ik kan", seit Vermeer. "Het is niet anders. Ik heb het er met m'n trainer over gehad. We gaan gewoon verder met mijn ontwikkeling en alle toernooien die ik wel gewoon kan doen. Dus dan worden de Olympische Spelen van 2024 het doel."

Foto: Orange Pictures

It beslút om Franssen oan te wizen kaam op it momint dat Vermeer noch blessearre wie. Yn oktober fan ferline jier is dy beslissing wol op 'e nij besjoen. "In oktober bleek dat Sanne weer kon gaan judoën, weer op de mat kon gaan staan en dat ze gerevalideerd was. Maar ze had op dat moment geen enkele wedstrijdervaring en in elk geval geen wedstrijdgevoel. Dat betekent dus ook gewoon dat we geen flauw idee hadden van waar sta jij, wat kun jij en hoe ver ben jij op dit moment", leit Tjaart Kloosterboer út, de direkteur Topsport by it Judobûn.

De belissing dy't naam waard, bleau stean. Yntusken is Vermeer werom op har âlde nivo. "Misschien nog wel iets verder dan voor ik geblesseerd raakte", seit se. De Fryske judoka wûn brûns op de Masters yn Doha en op it Grand Slam yn Tel Aviv.

Dat feroaret lykwols neat oan it stânpunt fan it Judobûn. "Dat betekent niet dat de situatie veranderd is. Dat betekent ook niet dat we op dit moment gaan zeggen: we draaien de toezegging die wij hebben gedaan terug. Zeker ook omdat we ook het geloof hebben dat Juul Franssen kan leveren wat van haar verondersteld wordt", seit Kloosterboer.

EK yn Portugal

Dat betsjut dat Vermeer har fokusje moat op de oare grutte toernoaien fan dit jier. It earste is it Europeesk kampioenskip yn it Portugeeske Lissabon. Dat hat plak fan freed oant en mei snein. "Het vorige EK dat ik heb gejudood in 2019 werd ik derde. Als ik kijk naar de afgelopen toernooien die ik heb gedaan, dan denk ik dat zoiets wel weer mogelijk moet zijn", seit se.

Vermeer is bliid mei hoe't se wersteld is fan har blessuere, mar se hat sa no en dan noch wol lêst fan de senuwen. Dat wie ek it gefal op it Grand Slam. "Ik merkte dat ik niet helemaal gefocust was en dat ik toch wat foutjes maakte. Ik zat er niet lekker in. Als ik echt lekker in een toernooi zit, dan lopen dingen vanzelf en dan denk ik niet zoveel na. Nu was ik toch veel aan het nadenken."

Hoop

De druk leit der dit wykein yn elk gefal wol op. "Dit zijn wel de toernooien waar je dan naar toewerkt. Zo'n EK en WK over een paar weken, dat zijn wel echt belangrijke meetmomenten", seit Vermeer.

En dan miskien, hiel miskien komme de Olympyske Spelen dêr noch by. Dat kin lywols allinnich as Franssen noch út de top achttjin falt of dat se blessearre rekket. Hopet Vermeer dêr dan op? "Hopen is misschien een beetje een raar woord, maar misschien wel een beetje. Je wenst haar natuurlijk niets toe, maar zelf gaan zou wel heel gaaf zijn."

(Advertinsje)
(Advertinsje)