Friesch Dagblad troch mei minder minsken: "Kop derfoar en fleurich foarút"

15 apr 2021 - 17:22

It Friesch Dagblad pakt de tried wer op, nei it nijs fan in dei earder dat in kwart fan de redaksje ferdwynt. De krante kriget in soad reaksjes fan lêzers dy't meilibje en harren deiblêd in hert ûnder de riem stekke om foaral troch te setten. Fan eigener Mediahuis kriget de krante noch in kâns, se bliuwe bestean as se lyk draaie.

In kwart fan de redaksje ferdwynt by it Friesch Dagblad

De besunigingen by it Friesch Dagblad binne ûnderdiel fan in grutte reorganisaasje by NDC Mediagroep. Mediahuis jout it deiblêd dus noch in kâns. "Dat is hiel bysûnder. Ek Mediahuis sjocht yn dat it wichtich is dat Fryslân twa regionale kranten hat. Dy unike situaasje bliuwt yntakt", seit Ria Kraa, haadredakteur fan it Friesch Dagblad.

Dochs neamt se it fertrietlik dat der 8 fan de 33 redaksjeleden út moatte. "Talintfolle en faak jonge minsken dy't je net misse kinne en wolle."

Neffens Kraa moat de krante oars wurkje om jild te besparjen. Sa sille der mear ferhalen fan oare media oernommen wurde yn stee fan se sels te meitsjen. "Mar wy bepale noch hieltyd sels hokker artikels dat binne. Wy hawwe in eigen kleur en dy wolle we behâlde."

Fierder moat der mear online barre. Sa begjint de krante ynkoarten mei de ferkeap fan in digitale edysje. Op dit stuit binne der sa'n 9300 abonnees. Dat kinne der neffens Kraa mear as 10.000 wurde. "Kop derfoar en fleurich foarút." Sa tinkt de redaksje der ek oer. "Se bliuwe posityf, ek al kaam de klap hurd oan."

'Der is noch wol in kâns'

Ald-haadredakteur Sytze Faber seach de yngreep wol in bytsje oankommen: "It is in geweldige yngreep, dêr't ek persoanlike drama's achterwei komme kinne. Mar it kin net sa wêze dat in krante struktureel ferlies makket. Mei oardel miljoen euro yn it jier fûn ik dat dat noch wol tafoel, mar dat dit moat om de kop boppe wetter te hâlden begryp ik wol."

Dochs sjocht Faber noch wol in ljochtpuntsje. "Der is noch wol in kâns foar it deiblêd. De oare kranten moatte echt winst meitsje, mar fan it deiblêd is sein dat it break-even draaie moat. Dat wurdearje ik tige. Boppedat sitte wy yn in tiid dêr't we yn oerspield wurde mei ynformaasje. Dan is der neffens my ek behoefte oan ankerpunten. Dêr leit potinsje foar de krante. It deiblêd hat neffens my noch altyd potinsje, en ik sjoch ek wol mooglikheden dat it tal abonnees wer boppe de 10.000 komt."

(Advertinsje)
(Advertinsje)