Mear fans tastien by testwedstriid SC Hearrenfean tsjin PEC Zwolle

15 apr 2021 - 17:12

By de wedstriid fan SC Hearrenfean tsjin PEC Zwolle meie hast twa kear safolle taskôgers komme as earder tocht waard. Dat meldt de Fryske klup. Hearrenfean gie út fan 2000 fans, mar it binne der sa'n 3400. Publyk is wolkom yn it ramt fan in test. Undersikers wolle witte oft minsken nei in coronatest feilich nei sokke sportwedstriden kinne en hoe't harren gedrach dan is.

Foto: Omrop Fryslân, Arjen de Boer

Foar de testwedstriid komme allinnich seizoenkaarthâlders yn oanmerking. Foardat se it stadion yn meie, moatte se fia in app in negative coronatestútslach sjen litte. Dy test moat binnen 40 oeren foar de wedstriid ôfnaam wêze. Yn it stadion moatte se harren oan de coronaregels hâlde, sa as oardel meter ôfstân hâlde en in mûlkapke op. It mûlkapke mei ôf op it sitplak.

De klup jout foarrang oan de 2.156 seizoenkaarthâlders dy dit seizoen noch net by in thúswedstriid west ha. Dy kinne no al in kaartsje reservearje. Seizoenkaarthâlders dy't ien kear by in wedstriid west ha, kinne dat fan snein ôf dwaan. As der nije wike woansdei noch plakjes beskikber binne, komme de supporters dy't by de thúsduels tsjin Willem II en VVV wiene dêr foar yn oanmerking.

De wedstriid fan SC Hearrenfean tsjin PEC Zwolle is op sneon 24 april en begjint om 16.30 oere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)