Joyce fan 15 blykt man fan 58: âld-Ljouwerter de sel yn foar 'grooming'

In 58-jierrige âld-ynwenner fan Ljouwert, dy't himsels op ynternet foardie as in jong famke, hat tongersdeitemiddei in selstraf krigen fan fyftjin moanne wêrfan fiif ûnder betingst. Wylst de man him foardie as in minderjierrich famke, twong hy in 14-jierrig famke ta seksuele hannelingen. Dat wurdt ek wol 'grooming' neamd.
Rjochter © Shutterstock.com
De fertochte kaam fia in chatsite yn kontakt mei it slachtoffer. Hy sei dat hy Joyce wie, brûkte ek in Facebookaccount fan in famke mei dy namme, en sei dat hy 15 wie. Fia appkes wikselen de man en it slachtoffer seksy foto's út. Dernei frege hy it famke om seksuele hannelingen by harsels te dwaan.
As it famke dat net die, soe de man har namme en telefoannûmer op ynternet pleatse mei de foto's fan harsels dy't se de man tastjoerd hie. It famke die dêrop oanjefte by de plysje.
Neffens de fertochte is it de skuld fan syn eks-styfsoan, dy't wolris op syn laptop en telefoan siet. Neffens de rjochtbank blykt út dy ferklearring dat de man gjin ferantwurdlikheid nimt foar syn dieden. Neist de feroardieling foar grooming is de man ek feroardiele foar fraude en it meitsjen en it besitten fan berneporno.