Flink mear besmettingen yn Fryslân: 278 yn de ôfrûne 24 oeren

Yn de ôfrûne 24 oeren binne der 278 nije coronabesmettingen by kaam yn Fryslân. Dat hat it RIVM bekend makke. It binne der 130 mear as woansdei. Doe wiene it der 148. Wol hie it RIVM woansdei te krijen mei in systeemsteuring, dêrtroch foelen de sifers nei alle gedachten leger út. De ôfrûne wike binne der yn trochsneed alle dagen 209 nije besmettingen by kaam.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Ljouwert: 45. Dêrnei folget Súdwest-Fryslân (41).
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der waard ien nije sikehûsopname yn ús provinsje meld, it gie om in ynwenner fan Ljouwert.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne moandei 8.797 nije coronagefallen registrearre, 3.317 meer as woansdei. Gemiddeld wiene dat de ôfrûne wike 7.317 de dei.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.