Henk de Jong docht net oan offisjeuze promoasje: "As we moarn winne, is it offisjeel"

16 apr 2021 - 14:15

Der is hiel wat ôfrekkene by SC Cambuur de lêste wiken. Mar alle wiskundigen binne it deroer iens: freed kin SC Cambuur promoasje nei de earedifyzje offisjeus feilich stelle. Dan moat der wûn wurde fan Helmond Sport. De spanning yn it Cambuur Stadion nimt ta, al dogge de belutsenen harren bêst om dat del te bêdzjen.

Henk de Jong docht net oan offisjeuze promoasje

It tilt tongersdei op fan de sjoernalisten by de lêste training fan de Ljouwerters. Der stiet wat op it spul, dat mei dúdlik wêze. Hoe sit it by trainer Henk de Jong mei de promoasjespanning? "Dat fyn ik moai, mar we ha earst in tsjinstanner dy't ik hiel serieus nim. Dêr moatte we earst mei ôfrekkenje, dan sette alle oare saken yn gong. Mar wêr't we twa jier nei ta wurke hawwe mei in groep minsken, soarget dat no wol foar in stikje spanning. Mar it is wol hiele leuke spanning, net dat we bang binne."

SC Cambuur kin, by in oerwinning op Helmond Sport, allinne noch njonken in promoasjeplak einigje as it alle wedstriden ferliest én de konkurrinsje tsientallen doelpunten makket. Dy kâns is fansels tige, tige lyts. De Jong is der dúdlik oer: offisjeuze promoasje docht de Drachtster net oan. "As we moarn winne is it offisjeel. Fjirtich goals helje se noait mear yn."

En dan fiere spilers en trainers in feestje yn it stadion, sa is de ferwachting. Al sil dat fanwege corona fansels wol mei beheinings wêze. "Ja, mei minsken dy't test binne. Fierder neat. Want it mei net. Dat is hiel lestich."

Wy moatte net raar tsjin ús boargemaster dwaan. Dy earme man kin der neat oan dwaan.

'Lokoboargemaster' Henk de Jong

De grutte fraach is hoe't de fans fan SC Cambuur de offisjeuze promoasje, as it slagget, freed fiere sille. Boargemaster Sybrand Buma en de gemeente Ljouwert sitte mei de hannen yn it hier oer wat te dwaan. De Ljouwerter supporters rinne fuort mei De Jong en lústerje faak ek nei de trainer. Wat soe hy, as we him efkes omdope ta 'loko-boargemaster', advisearje wolle? "Wy moatte net raar tsjin ús boargemaster dwaan. Dy earme man kin der neat oan dwaan. Wat er ek docht, hy docht it noait goed."

De Jong docht dêrby wol in oprop oan de supporters fan de klup. "It moat yn goeie banen. Dêr moatte we mei syn allen om tinke. Supporters dogge dat ek, dat wit ik seker. We moatte it hiel goed dwaan, dan kinne we yn maaie noch wat hiel moais dwaan. Mar gjin gekke dingen dwaan."

Gudde net wolkom by kampioenskip

Tsjin in ferslachjouwer fan it ANP hie de trainer fan Cambuur noch wol in boadskip foar it fuotbalbûn KNVB. By it beheljen fan de titel is it better dat direkteur Eric Gudde net nei Ljouwert komt om de skaal út te rikken. Gudde wie ferline jier ien fan de ferantwurdliken foar it beslút om Cambuur net promovearje te litten. "Dat is better fan net, ek foar Gudde sels. Dat bedoel ik op minsklik gebiet. Dat moat hy gewoan net dwaan, dat is net ferstannich. Fierder fyn ik it in nette man."

Robert Mühren as rekkenwûnder

De topskoarer fan SC Cambuur, Robert Mühren, kin net allinne goed doelpunten meitsje, sa docht bliken. Mühren is ek dejinge dy't alle spilers op de hichte hâlden hat fan de senario's, sa fertelt Mitchel Paulissen. "We kregen anderhalve week geleden een mooi schemaatje door, met alle scenario's. Daar hebben we ons een beetje aan vastgehouden. Het bleek ook nog te kloppen."

Yn de wedstriidseleksje keare Jamie Jacobs en Mitchel Paulissen werom fan in blessuere. Robin Maulun en Stanley Akoy sitte freed net op de bank, dy binne noch blessearre. Foar Paulissen is it foar it earst dat er der wer by sit sûnt twa moannen. "Het heeft lang geduurd. Ik was op de goede weg een paar weken geleden, maar toen heb ik een kleine terugslag gehad. Ik heb deze week dingen mee kunnen doen en het voelt goed", fertelt de Limboarger.

Doke Schmidt kin foar it earst yn syn karriêre in grutte priis helje de kommende wiken. Te begjinnen mei in offisjeuze promoasje freed: "Ik hoop dat we een soort van iets misschien te vieren hebben, na de wedstrijd." Dat is wol hiel foarsichtich, dochs? "Ik ben niet voor niets verdediger hè, dus ik dek me graag in", laket Schmidt. It falt noch wol wat ta mei de spanning by de ferdigener. "Maar tuurlijk leeft het. Daardoor zijn we nog meer gebrand om het zo snel mogelijk te regelen."

Foto: Orange Pictures

Omrop Fryslân pakt freedtejûn út mei in ekstra sportprogramma oer SC Cambuur tsjin Helmond Sport. Dat programma is te folgjen op de radio en in livestream online. Presintator Roelof de Vries ûntfangt yn de studio twa âld-spilers fan de Ljouwerters: Mart Dijkstra en Marco van der Heide. Beiden spilen yn it foarige kampioensjier foar de klup.

Yn it stadion dogge ferslachjouwers Geert van Tuinen en Andor Faber yntegraal ferslach fan it duel, dat om 20.00 oere úteinset. Sneon yn it Cambuur Sjoernaal in wiidweidich ferslach fan de jûn, dy't foar Cambuur offisjeus promoasje opsmite moat.

Sjoch foar al it lêste nijs oer SC Cambuur en de promoasjekoarts op ús dossierpagina.

(Advertinsje)
(Advertinsje)