Gaslek op yndustryterrein De Hemrik yn Ljouwert

15 apr 2021 - 15:16

In part fan yndustryterrein De Hemrik is tongersdeitemiddei ôfsletten. Dat komt troch in gaslek, wêrby't it mooglik gean soe om de haadlieding.

Foto: Anton Kappers - Kappers Media

It lek is ûntstien op de Plutoweg. Dizze strjitte is ôfsletten foar ferkear, wat derfoar soarget dat de rest fan dit part fan in yndustryterrein ûnberikber is. De brânwacht is oanwêzich. It wachtsjen is foarearst op it ôfsletten fan de lieding troch de netbehearder. Hoe lang't dat duorret, is noch net bekend.

Trefwurden: 
Ljouwert gaslek
(Advertinsje)
(Advertinsje)