Opnamestop op ferpleechôfdieling sikehûs Tjongerschans nei coronabesmettingen

15 apr 2021 - 15:25

Op de ferpleechôfdieling ynterne genêskunde fan it sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean wurde gjin nije pasjinten mear opnaam, neidat fjouwer meiwurkers en ien pasjint posityf test binne op it coronafirus. Dat meldt it sikehûs.

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Op de ôfdieling jilde karantênemaatregels. Alle meiwurkers wurde frege om in coronatest te dwaan. By de meiwurkers dy't gjin tsjinst ha, kin dat neffens de normale proseduere. Meiwurkers dy't wol tsjinst ha, wurde frege om in sneltest te dwaan.

Alle pasjinten wurde yn isolaasje ferplege, ek ek test. Ien pasjint is al ûntslein en wurdt thús begelaat troch de GGD. Dat meldt it sikehûs.

Neffens it sikehûs is it net nedich om ôfspraken ôf te sizzen. Besikers moatte har oan ekstra beskermjende maatregels hâlde.

Fokje Nagelhout, kommunikaasje-adviseur by Tjongerschans

(Advertinsje)
(Advertinsje)