Negatyf swimadvys foar Harns

20 jul 2012 - 17:10

Der jildt in negatyf swimadvys foar it Harnzerstrân yn Harns. De kâns op sûnensklachten dêr is heech troch tefolle bakteriën yn it wetter. Mei buorden wurdt oanjûn dat it better is om der net te swimmen. Neffens de provinsje is it probleem ûntstien troch de súdwestewyn.

It negative swimadvys wurdt meastentiids mar foar in koarte perioade ynsteld, sa lit de provinsje Fryslân witte. Tongersdei waard ek al op in tal plakken in negatyf swimadvys ôfjûn. Ek foar De Leijen by De Rottefalle jildt bygelyks in negatyf swimadvys.

(advertinsje)