Natuerorganisaasjes meitsje romte foar fûgels en minsken op it Waad

15 apr 2021 - 13:15

Njoggen natuerorganisaasjes sille de kommende jierren oan de slach om op 'e waadeilannen en oare plakken op it Waad mear romte te meitsjen foar fûgels. Dy krije it de lêste jierren hieltyd dreger troch de stiging fan de seespegel en klimaatferoaring mei mear rein en stoarm. Mar it moat net sa wêze dat ynwenners fan it gebiet, en bygelyks ek de toeristen, oeral yn de natuer ferbodsbuorden tsjinkomme.

Foto: Omrop Fryslân

It projekt Wij & Wadvogels begjint dizze moanne, en moat soargje foar romte foar elkenien, seit de Waadferiening. It projekt sil seker fiif jier rinne. It ministearje fan Lânbou, de trije provinsjes dy't oan it Waadgebiet lizze en it Waadfûns stekke der miljoenen euro's yn. Neist de Waadferiening dogge ek Steatsboskbehear, Fûgelbeskerming Nederlân en Natuermonuminten mei.

Fûgels krije mear bried- en rêstplakken op de eilannen en oan 'e kust. Der wurde briedeilannen oanlein en der komme bygelyks flechtplakken foar as it heech wetter is. Yn de nij yn te rjochtsjen gebieten wurdt rekken holden mei ynwenners, ûndernimmers en besikers.

Yn 12 Waadgemeenten krije yn totaal 1200 minsken in enkête tastjoerd. Dy wurdt fan it simmer ek ferspraat ûnder toeristen. De útkomsten dêrfan wurde brûkt by de ûntwikkeling fan nije natuer, mar ek om in foarljochtingskampanje te begjinnen oer wat fûgels no krekt nedich ha yn it gebiet. De útfiering fan de enkête leit yn hannen fan NHL Stenden Hogeschool.

Trefwurden: 
Waad waadfûgels
(Advertinsje)
(Advertinsje)