Hûzeprizen yn Fryslân fierder omheech, minder ferkocht

15 apr 2021 - 11:55

De hûzeprizen yn Fryslân geane noch hieltyd omheech. De ôfrûne trije moanne wie in hûs yn trochsneed goed seis prosent djoerder as yn de trije moannen dêrfoar.

Terherne - Foto: ANP

Yn it earste fearnsjier fan 2021 binne yn Fryslân yn totaal 988 hûzen ferkocht. Dat is in tredde part minder as it fearnsjier dêrfoar. Hast oeral yn de provinsje wurde minder hûzen ferkocht, útsein it súdwesten. Dêr is just in groei fan hast tsien prosint.

Hûzen wikselje noch wol hieltyd rap fan eigener, seit Willem Donker. Hy is foarsitter fan de ôfdieling Fryslân fan de Nederlânske makelersferiening. "De beheiningen dy't de coronakrisis mei him meibringe ha blykber gjin negative ynfloed op it keapgedrach."

Oerdrachtsbelesting helpt starters net

Foar starters is de hûzemerk der net better op wurden, ek al hoege se sûnt dit jier gjin oerdrachtsbelesting mear te beteljen. Dy maatregel hat gjin fertuten dien, seit de NVM.

In hûs kostet no yn trochsneed 293.000 euro yn Fryslân. Dat is seis prosint djoerder as de trije moannen dêrfoar en 21% mear as in jier earder. Dat is de grutste priisgroei yn 20 jier.

Trefwurden: 
wenningmerk NVM huzepriis
(Advertinsje)
(Advertinsje)