Kustwacht moat foech krije om skippen 'niet-vrijblijvend' te begelieden

De Twadde Keamer wol dat minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat wurk makket fan in eardere moasje om de Kustwacht yn bepaalde waarsomstannichheden it foech te jaan om skippen 'niet-vrijblijvend te begeleiden'. Dêrmei moat foarkaam wurde dat benammen grutte kontenerskippen by stoarm dochs foar de súdlike rûte boppe de waadeilannen kieze. Op dit stuit hoege skippers net foar de noardlike rûte te kiezen wannear't de Kustwacht dat advisearret.
© Kustwacht
De moasje waard yn novimber yntsjinne troch Rutger Schonis fan D66 en Wytske Postma fan it CDA. Oant no ta is der neat mei de moasje dien. Dêrom is der no in nije moasje yntsjinne troch Jaco Geurts (CDA) en Tjeerd de Groot (D66) dêr't yn frege wurdt om in stappeplan foar it útfieren fan de eardere moasje. Dat stappeplan moat der foar 1 juny komme.
Yn dat stappeplan moat neffens de Keamerleden ek dúdlik wurde hoe't de minister it ynfiere wol yn gearwurking mei Dútslân en Denemarken. It is de twadde kear yn koarte tiid dat de minister de oprop kriget om aksje te ûndernimmen. Ferskate partijen stelden ferline wike Keamerfragen oer it nije kontenerdrama, wêrby't de Baltic Tern fiif konteners ferlern hat yn de Noardsee.

Súdlike farrûte hielendal ticht

De Partij voor de Dieren wol dat de minister noch in stap fierder giet. De partij tsjinne in moasje yn wêryn't de minister oproppen wurdt om de súdlike farrûte folslein te sluten foar kontenerskippen.