PODCAST Smokkelbern #2: "Hoor de vrouwen zingen"

15 apr 2021 - 11:20

Wêrom hawwe de froulju yn it ferset mar sa'n bytsje oandacht krigen yn de skiedskriuwing? Dy fraach stelt skiednisstudinte Anna Boogaard yn ôflevering 2 fan de podcast Smokkelbern, mei ferhalen fan Joadske ûnderdûkbern yn Fryslân.

Beharkje de podcast:

It wienen froulike studinten dy't Joadske bern fanút Amsterdam en Utrecht nei it plattelân fan Fryslân en Limburch smokkelen. Ze rûnen dêrby grutte risiko's. Ek de froulju dy't in Joadsk bern opnamen yn har húshâlding, diene dat mei gefaar foar eigen libben. Dochs waard dat 'humanitêre' ferset oant lang nei de oarloch net sjoen as 'fersetswurk.'

Anna Boogaard - Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

Studinte skiednis Anna Boogaard hat ûndersyk nei de studintes yn it ferset dien foar har skripsje. Se wurket by Filmtheater Kriterion yn Amsterdam, it plak dêr't dizze podcast opnommen is. Dit gebou spilet ek in belangrike rol yn it ferhaal. Kriterion is flak nei de oarloch oprjochte as studintebioskoop troch Piet Meerburg, de lieder fan it studinteferset.

Yn dizze ôflevering is in fragmint te hearren út in ynterview mei komponist Marius Flothuis. De lietsjes yn 'Hoor de vrouwen zingen' binne yn 1994 songen by de presintaasje fan it boek 'Vrouwen van Vught' (Hans Olink, 1994) troch Gisela Wieberdink-Söhnlein en Hetty Voûte.

Filmteäter Kriterion, Amsterdam - Foto: Omrop Fryslân

Smokkelbern, de podcast is te beharkjen op de webside fan Omrop Fryslân, yn de podcastapps en op Spotify. Mear ynformaasje op omropfryslan.nl/smokkelbern.

Foto: Omrop Fryslân

De podcast Smokkelbern wurdt makke troch Gerard van der Veer en Karen Bies. Der is ek in Fryslân DOK-rige Smokkelbern fan fiif telefyzjedokumintêres, makke troch Gerard van der Veer en Annet Huisman, te sjen op NPO2 en Omrop Fryslân.

'Smokkelbern' is ûnderdiel fan it projekt 'De terugkeer van de Joodse kinderen', in gearwurking fan Stichting de Verhalen, Tresoar, Omrop Fryslân, Friesch Dagblad en Leeuwarder Courant.

(Advertinsje)
(Advertinsje)