Djoerste begraafplak fan Fryslân leit yn Smellingerlân

Begraafplakken yn Fryslân binne yn fergelyk mei de rest fan Nederlân relatyf goedkeap. Dat docht bliken út ûndersyk fan útfeartûndernimming Monuta. Foar in grêf op in gemeentlik begraafplak betelje neibesteanden yn ús provinsje sa'n 2.422 euro. Dat is hast 600 euro goedkeaper as wat der yn Nederlân yn trochsneed betelle wurdt foar in grêf.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Der bestean yn de provinsje wol grutte kosteferskillen. Neibesteanden op Flylân binne it goedkeapst út. It is wol sa dat allinnich bewenners fan it eilân hjir in plakje krije kinne. Sy betelje dêrfoar sa'n 1.100 euro. Dat wylst it djoerste begraafplak yn Fryslân yn de gemeente Smellingerlân leit en goed 3.600 euro kostet.

Fergeliking is dreech

It is neffens de útfeartûndernimming dreech om de kosten fan de begraafplakken mei-inoar te fergelykjen. Der sit ferskil yn it type grêven en de rintiid fan de grêfrjochten. Ek betelje neibesteanden bytiden administraasjekosten of kosten foar in fergunning fan it grêfmonumint.

Kremaasjekosten wol heech

By kremaasjes is it byld hiel oars. Dêrfoar bist yn Fryslân dan wer it djoerst út. Dat kostet yn trochsneed 909 euro yn Fryslân.
Naomi Samson, wurdfierder fan Monuta