Kamera's yn hiel Ljouwert fanwegen mooglik promoasjefeest Cambuur

15 apr 2021 - 09:19

Ljouwert wurdt dizze dagen folhongen mei kamera's. Benammen yn de buert fan it Cambuurplein en de Aldehou wurde tal fan kamera's pleatst. It hat allegear te krijen mei de wedstriid fan Sportklup Cambuur, freed tsjin Helmond Sport. By winst stelle de Ljouwerters promoasje praktysk feilich.

Dat dy kamera's oeral ophongen wurde, is gebrûklik seit boargemaster Sybrand Buma. "Het is een vrij normale maatregel als er dingen kunnen gebeuren. Al begrijp ik ook wel dat het op sociale media tot vragen leidt." De kamera's soenen ek yn de stêd hingje as der gjin lockdown wêze soe. "Altijd als zoiets plaatsvindt, worden camera's opgehangen."

Buma fynt dat hiel Ljouwert bliid wêze kin mei de prestaasjes fan Cambuur, mar wol net dat minsken promoasje op strjitte fiere. "Ik snap dat dat wel de emotie is, maar we zitten nog midden in een lockdown. Een kilometer verderop ligt ziekenhuis MCL helemaal vol en kunnen mensen hun noodzakelijke operaties niet krijgen. Dus het is heel erg in het belang van ons allemaal om niet ziek te worden en elkaar aan te steken."

Protte oerlis oer alternativen

De boargemaster oerleit geregeld mei de klup en supporters oer hoe't de kommende dagen en wiken derút sjogge. "We kijken of we andere dingen kunnen organiseren. Dan is het toch gewoon feest. Het enige wat niet kan, is met z'n allen de straat op. Dat is wel ontzettend vervelend, maar we moeten daar zo goed mogelijk mee omgaan."

Omrop Fryslân komt freed om 19.00 oere mei in spesjale útstjoering oer de wedstriid fan Cambuur tsjin Helmond Sport. Cambuurwatcher Andor Faber: "We sitte mei ferskate ferslachjouwers yn en om it stadion en dat is te folgjen op radio en online. Om de wedstriid hinne prate we mei analisten. Dat binne âld-Cambuurspilers Marco van der Heide en Mart Dijkstra."

Tongersdeitemiddei sit Buma opnij om tafel mei Cambuur en mei supporters. "Het is niet zo dat een kampioensfeest op straat het enige is wat niet door kan gaan. Het is vandaag de Friese Bevrijdingsdag, maar ik leg vandaag in m'n eentje de krans. Ook dodenherdenking op 4 mei wordt heel somber. En op 5 mei gaat het Bevrijdingsfestival ook niet door. We zitten nog in een crisis."

(Advertinsje)
(Advertinsje)