Kollum: "Stappeplan"

"Wy hawwe no in 'stappeplan', foar hoe't we út de coronakrisis komme. Neidat it foarige wike misgie mei it neamen fan ien datum, hat ús regear no fjouwer datums neamd. Wat soe der mooglik misgean kinne? Goed dat se demisjonêr binne: tink ik efkes fierder nei oer de coronakrisis.
Botte Jellema © Omrop Fryslân
De toan fan Botte Jellema
Ferline jier binne der 610 minsken om it libben kaam yn it ferkear. 229 dêrfan wiene fytsers. In tredde dêrfan, sa'n 75, ferûngelokken op in e-bike. Dêrmei is op in e-bike stappe in gruttere oanslach op de libbensferwachting as op in motor stappe. Der ferûngelokken ferline jier 44 minsken op in motor. Dit binne 610 drama's, en it is foar wa't immen yn it ferkear ferlern hat luguber om ditsoarte fan statistykjes te hearren. Mar ik begjin der mei in reden oer.
Der is in superfaksin op komst, makke yn Leiden, troch in bedriuw dat Janssen hjit. It is gjin lytse organisaasje, en ynternasjonaal operearje se ûnder de namme Johnson & Johnson. Ik neam it in superfaksin, om't je der mar ien prik fan nedich hawwe en om't it net yn in friezer bewarre hoecht te wurden. Yn Amearika hawwe se mei it faksin hast sân miljoen minsken yninte. Seis yninte froulju dêr hawwe in seldsume foarm fan tromboaze krigen. It ynintsjen mei dit faksin is yn Amearika dêrnei stillein. It leverjen fan it faksin oan Nederlân is no foarearst stillein, krekt no't we op it punt stean om de earste fan de alve miljoen Janssen-faksins dy't we besteld hawwe ta te tsjinjen.
Ik wit net hoe slim oft de tromboaze is. Ik wit al dat je tromboaze ek krije kinne fan lang yn in fleantúch sitte. En fan de antykonsepsjepil. Ik wit ek dat der yn Nederlân fan 'e wike yn trochsneed alle dagen 25 minsken stoarn binne troch corona. Ek dat binne stik foar stik persoanlike drama's. En ek hjir is it lestich om it oer statistiken te hawwen. Mar wy binne op it punt kaam dat wy it oer statistyk hawwe moatte. Medysk-etyske statistyk, krekt in ûnderwerp dêr't hast gjin politikus de fingers oan brâne wol. Mar it moat.
Want alle dagen 25 deaden op in befolking fan sa'n 17 miljoen, is nochal wat mear as ien kear seis gefallen fan tromboaze op 6,8 miljoen ynintingen. Dy froulju binne net dea. En ja, der binne trije soarten leagens: leagens, ferdomde leagens en statistiken. Sa meldt Het Parool yn oktober dat der 4,1 miljard kilometers mei elektryske fytsen ôflein binne yn 2019. It tal kilometers dat op in motor riden wurdt yn Nederlân, is ûngefear de helte dêrfan. Dus dan komme der dus de kilometer dochs wer mear motorriders om it libben as elektryske-fytsers. Statistyk.
Wat de faksins oanbelanget is der noch wat oars oan 'e hân. As wy hielendal ophâlde mei faksinearjen, dan kinne wy oer in jier sizze dat der sa-en-sa-folle minsken oan corona stoarn binne, en dat sil in grut getal wêze, mar hielendal net ien oan 'e gefolgen fan it faksin. As wy trochgean mei Janssen, en ek mei AstraZeneca (dêr is itselde mei oan 'e hân), dan kinne we oer in jier net sizze hoefolle minsken noch libje mei tank oan it faksin. Wat wy dan al sizze kinne is hoefolle minsken oft de seldsume tromboaze krigen hawwe troch it faksin. En ek al is dat dan in lyts getal, of sels in midsmjittich getal, dan falt it net ta om te sizzen: ja, mar sjoch ris nei hoefolle minsken oft der no behoeden binne foar in coronabesmetting. Want dat getal bestiet dan net. Neat sa ûntankber as in faksin leverje.
Dus ik bliuw derby: faksinearje. Den Haag, meitsje in kar. It is net leuk om 'm te meitsjen, mar 'm net meitsje is slimmer. Faksinearje!
Dan noch wat oars. Want dit kin ik jim net ûnthjitte. De NPO hat de dokumintêre I am Greta oankocht, en dy is no te sjen op NPO Start. Dit is in dikke oanrieder. Technysk as dokumintêre goed. Mar ek, of benammen, as je in hekel hawwe oan Greta Thunberg en alles om har hinne, moatte je dit sjen. En yn elts gefal sjen bliuwe oant en mei de sênen op de sylboat wêrmei't se fan Ingelân nei New York fart. Ik bin wol benijd hoe'tst dêrnei tinkst oer hoefolle fleis ast ite wolst en hoefolle fakânsjes ast fleane wolst. Saken foar dyn eigen 'stappeplan', oer hoe'tsto út de coronakrisis komme wolst."