Provinsje Fryslân hat dit jier 120 stienmurden deamakke

De provinsje Fryslân hat dit jier yn fjirtjin proefgebieten yn totaal 120 stienmurden deamakke. It fangen - en dus yn guon gefallen deadzjen - fan de stienmurden is ûnderdiel fan in proef om te sjen hoe't de provinsje yn de takomst greidefûgels better beskermje kin tsjin stienmurden.
In stienmurd by aaien © ANP
It deadzjen fan de stiemurden is net gebrûklik, seit deputearre Klaas Fokkinga. Gewoanwei wurde se ferpleatst nei in gebiet sûnder greidefûgels. "Mar dat is net altyd yn it belang fan it bist. Der moat wol in goed leefgebiet wêze. Dus dizze 120 stienmurden dy't we fongen ha, ha we earst ûndersocht op sykten, gewicht, leeftiid ensafuorthinne."

Deadzje mei net samar

Ferpleatse is dus net altyd yn it belang fan de stienmurd. Om se dan mar te deadzjen, wie earst ek net tastien. De stienmurd is bygelyks in beskerme bist. Mar mei dizze proef is der in ûntheffing en meie de bisten wol deamakke wurde. "Der sit wol in maksimum oan", seit Fokkinga. "We ferwachtsje dat we dit jier útkomme op sa'n 180 stiks. En der binne tûzenen stienmurden yn ús provinsje."
De provinsje jout ûntheffingen om op bisten te jeien as de predaasjedruk op greidefûgels te heech is. Dat is benammen foar bygelyks foksen sa, seit Fokkinga. De proef om ek stienmurden te fangen is útwreide fan acht nei fjirtjin gebieten.

Ofsjitte is gjin wûndermiddel

Dat it net goed giet mei de greidefûgels is net samar oplost troch oare bisten ôf te sjitten, moat de deputearre tajaan. It agraryske lânskip soarget derfoar dat greidefûgels net altyd like maklik oan iten komme kinne. Fokkinga: "We wurkje der ek oan om natuergebieten mear op elkoar oan te sluten en der mear fariaasje yn te bringen. Mar dat is net fan de iene op de oare dei klear."
Der binne noch 15 oare greidefûgelgebieten yn Fryslân dy't net meidogge oan de proef, mar dêr't natuerbehearders en fûgelwachten wol de nêstpredaasje yn de gaten hâlde. Yn totaal wurde dêr 170 wyldkamera's foar ynset.