FNP Achtkarspelen hat noed oer doarpssintra: "It mes moat fan de kiel"

14 apr 2021 - 21:57

De fraksje fan de FNP yn Achtkarspelen hat grutte noed oer doarpshuzen en oare sintra yn de gemeente. Yn novimber hat de mearderheid fan de gemeenteried besletten de subsydzjes op it sosjaal kultureel wurk fuort te besunigjen fan 2022 ôf. Dêrtroch komt de eksploitaatsje fan bygelyks doarpshuzen faai te stean, seit de FNP.

Doarpshûs De Jister yn Twizelerheide - Foto: Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude

De FNP wie yn 2020 tsjin it besunigjen op de subsydzjes, mar krige dêryn allinne stipe fan de PvdA. In moasje is doedestiids keard troch de oare partijen. Neffens de FNP wiene bestjoeren min te sprekken oer de kommuniaasje by de gemeente wei. Frijwilligers soene harren net serieus nommen fiele.

De noed is heech

Yntusken is neffens de FNP de noed by bestjoeren fan bygelyks doarpsbelangen, jongereinynstellingen, sosjaal kultureel wurk, doarps- en kluphuzen en jongereinhonken grut. It beslút soe grutte konsekwinsjes hawwe, By Sosjaal Kultureel Sintrum It Koartling soe de need bygelyks sa heech wêze, dat as der neat feroaret, it bestjoer foar de simmer de kaai by de gemeente ynleverje moat.

"Mes moat fan de kiel"

"It mes moat fan de kiel fan de doarps- en kluphuzen," sa skriuwt de FNP. De fraksje fynt dat it beslút fan de begruttingsried op 12 novimber 2020 oer de besunigingen weromdraaid wurde moat. Ek wol de FNP dat de sintra stipe krije troch in fergoeding foar de ûnreplik saakbelesting, dy't lyk is oan de jierlikse oanslach. Foar dizze foarstellen hat de fraksje twa moasjes yntsjinne.

Doarpshuzen

De FNP hat besocht yn in oersjoch yn kaart te bringen hoe't it mei de doarpshuzen yn de gemeente is. De situaasje by Clubhuis Harkema soe bygelyks 'nijpend' wêze, sûnder de subsydzje foar it sosjaal kultureel wurk soe it nei 2021 ophâlde. It gebou is al sûnt maart ticht. Dat jildt ek foar doarpshûs Rehoboth yn Gerkeskleaster, dy't gjin ynkomsten hat, mar alle moannen wol 1.600 oan fêste lêsten kwyt is. De reserves soene oanbrutsen wurde om de boel te beteljen. Ek doarpshûs De Smoutte yn Boelensloane moat yn de rin fan 2022 ticht as it sa trochgiet.

By ferskate doarpshuzen spilet dat der op it heden fêste hierders fuortfalle: bygelyks it bloedprikken, de konsultaasje en it pjutteboartersplak. De ynkomsten fan dizze hierders, mar ek de opbringsten fan hoarekaferkeap, binne troch de coronakrisis opholden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)