Studinten NHL Stenden en RUG helpe learlingen foar eineksamens

14 apr 2021 - 20:44

Studinten fan NHL Stenden yn Ljouwert en Rijksuniversiteit Groningen helpe de kommende moannen middelbere skoalbern mei de tariedingen foar de eksamens. Troch de coronakrisis hawwe in soad learlingen efterstannen oprûn. De stipe is part fan it lanlike projekt StudentinzetopSchool-Noord yn de noardlike provinsjes.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De bedoeling is dat studinten de learlingen helpe mei fakken dêr't de studinten goed yn binne en dêr't de studinten sels ek eksamen yn dien hawwe. Sa kinne se út eigen ûnderfining stipe jaan. It mes snijt oan twa kanten, want ek de druk op dosinten wurdt minder.

Yn 'e kunde komme mei it fak

Fierder is it inisjatyf in moaie gelegenheid om studinten yn 'e kunde komme te litten mei it berop fan learaar. Direkteur Willem Eikelenboom fan de akademy vo & mbo NHL Stenden hopet dan ek dat guon studinten op it idee brocht wurde foar de klasse te stean.

Studinten kinne harren oanmelde, krije in lytse kursus eksamenbegelieding en wurde dêrnei keppele oan in skoalle. Sy ûntfange foar it wurk in fergoeding boppe-op it minimumlean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)