Biologyles mei bonken: groep 8 fynt resten Jakobiner Tsjerkhôf yn Ljouwert

14 apr 2021 - 19:25

Skoalbern fan groep acht fan basisskoalle OJBS De Oldenije yn Ljouwert hawwe by wurksumheden skedels en bonken fûn. Dy komme fan it tsjerkhôf by de Grutte of Jakobinertsjerke. In amer fol mei iuwenâlde minsklike oerbliuwsels is nei de gemeente brocht foar ûndersyk.

Birk van Antwerpen by it fynplak - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Foar learling Birk van Antwerpen wiene de fynsten likegoed mysterieus as fassinearjend. "Onze juf had een bot gevonden de dag ervoor. Ik weet niet precies waar die lag, maar ze zag en pakte 'm. Wij dachten: misschien kunnen we meer botten vinden, daarom gingen we zoeken."

Steltarcheologen

Der stiene wol stekken foar, mar dat hat de bern net tsjinholden. "We gingen met stelten die bij ons in het hok stonden in het zand voelen. Zo voelden we de botten: we haalden het zand weg en sleepten de botten naar binnen. Mijn juf had een schedel gevonden en uiteindelijk hadden we een emmer vol botten. Het is wel gek dat er botten voor je school liggen die je dan gewoon vindt met je klas. De botten waren van een kerkhof, het Jacobijnerkerkhof. Er is kans dat deze schedels wel 400 jaar oud zijn."

De bonken binne lykwols net mear by skoalle, mar lizze by de gemeente. Dochs krije de fynsten mooglik noch in ferfolch op skoalle De Oldenije. "De kans is groot dat we een biologieles krijgen met de botten. Maar de kans is klein dat we ze terugkrijgen. Want ze zijn ingeleverd bij de gemeente, bij de gemeente-archeoloog. Maar het is leuk dat we straks alles over de botten weten."

Ferslachjouwer Ronnie Porte

(Advertinsje)
(Advertinsje)