120 sinnepanielen by bad Beets
De enerzjyrekken fan swimbad De Blauwe Kamp yn Nij Beets sil takom jier flink leger útfalle. Op it dak fan de klaaikeamers en op in stikje greide binne 120 sinnepanielen pleats. Dizze soargje derfoar dat it enerzjyferbrûk 60 prosint leger komt te lizzen. It swimbad brûkt de enerzjy foar de wetterpompen.
Dit smyt in besparring fan 3.000 euro it jier op. Freed waarden de panielen offisjeel yn gebrûk naam. Grutte winsk is om ek it badwetter ferwaarmje te kinnen, mar dat is neffens it swimbadbestjoer foarearst in ûnhelbere kaart.