14 inisjativen yn Noardeast-Fryslân krije stipe fan Iepen Mienskipsfûns

14 apr 2021 - 18:35

Yn Noardeast-Fryslân hawwe 14 inisjativen in subsydzje krigen út it provinsjale Iepen Mienskipsfûns. Yn totaal giet der 260.000 euro nei projekten dy't de leefberens yn de regio ferbetterje moatte.

Hegebeintum - Foto: Shutterstock.com (Harrie Muis)

Ien fan de inisjativen komt by Stichting Trynwâlderein wei, dy't derfoar soargje wol dat âlderein dy't ferlet hat fan soarch wenje bliuwe kin yn de Trynwâlden, de regio om Gytsjerk, Oentsjerk, Aldtsjerk, Mûnein en Readtsjerk hinne. Troch in frijwilligersnetwurk op te bouwen, moat âlderein inoar helpe kinne. Uteinlik moat der in groep fan sa'n hûndert frijwilligers wêze. Ut it Iepen Mienskipsfûns giet der 9.800 euro nei ta, yn totaal kostet it projekt in lytse 29.000 euro.

Dit binne de projekten

Njonken it frijwilligersnetwurk binne der dus noch trettjin inisjativen. It giet om in kuierpaad by Burdaard, in nije akro- en turnflier foar gymnastykferiening Set'm Op fan Stynsgea, in jeu de boulesbaan foar doarpshûs De Nije Tille yn Marrum, in speurrûte yn De Kruidhof yn Bûtenpost, boartersplakken yn Kollumersweach, in rûnlieding yn Museum Ruurd Wiersma Hûs yn Burdaard, in kuier- en fytsrûte fan Zoutkamp nei de Ofslútdyk fan Stichting Klooster Claercamp fan Rinsumageast, in moetingsplak en kuier fan Stichting Rom Paad Eastermar, it ferduorsumjen fan sportplakken yn Kollum, in beweechtún by De Jister yn Burgum, in muorkeunstwurk yn Gerkeskleaster-Strobos, it útwreidzjen fan doarpshûs De Bosk yn Sweagerbosk en it opknappen de omjouwing fan de terp yn Hegebeintum.

(Advertinsje)
(Advertinsje)