SC Cambuur spilet mooglik kampioensduel yn stadion fan AZ

14 apr 2021 - 18:38

It duel Jong AZ - SC Cambuur is ferpleatst nei it grutte stadion fan AZ in Alkmaar. De mooglike kampioenswedstriid fan 23 april soe spile wurde op it trainingskompleks fan de Noard-Hollanske klup yn Wormerveer, mar dochs wurdt no útwykt nei Alkmaar. It echte stadion fan AZ is in bettere akkommodaasje. Gewoanwei wurde alle wedstriiden fan de Jong AZ-ploech op it trainingsfjild yn Wormerveer spile. Cambuur kin yn it duel kampioen wurde.

Jong AZ - SC Cambuur - Foto: Omrop Fryslân

It duel begjint al in oerke letter, pas om 21.00 oere. De Ljouwerter fuotbalklup hat mei noch fiif duels te gean in foarsprong fan njoggen punten op nûmer twa De Graafschap. Cambuur moat freed earst noch yn eigen hûs tsjin Helmond Sport.

Trefwurden: 
SC Cambuur Jong AZ
(Advertinsje)
(Advertinsje)