Steatefraksje FNP kritysk oer sinneparkplan FNP-wethâlder Waadhoeke: "Projekt kânsleas"

Fryske Steatefraksjes hawwe fraachtekens by de plannen fan de gemeente Waadhoeke foar in grutskalich enerzjypark by Seisbierrum. Dat park soe 800 bunder grut wurde moatte en yn 2040 safolle enerzjy opwekje dat de hiele gemeente enerzjyneutraal is. Binnen de regels dy't de provinsje Fryslân fêststeld hat, kin soks net, mar FNP-wethâlder Jan Dijkstra tinkt wol dat it goedkomt.
It lânskip by Seisbierrum © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
"Wy ha yn de gemeente Waadhoeke deselde noed oer it lânskip as yn Provinsjale Steaten", seit Dijkstra. "Dêroer ferskille wy net fan miening. Mar miskien wol oer de wize fan ynpassen."
Neffens Dijkstra is dy 800 bunder mar in senario. "We woenen oanjaan dat je op in enoarme oerflakte komme, as je sjogge nei it stroomferlet dat we ha en sjogge wat de sinnepanielen opsmite. De sifers bliuwe yn de earen hingjen, mar ús doel is dat der oare metoaden by komme en nije dingen útfûn wurde. Alles wat foardiel opsmyt, kinne je by de plannen taheakje."

'Wol hiel grouwélich'

De fraksjes fan CDA, VVD, 50Plus én Dijkstra syn eigen FNP yn de Provinsjale Steaten ha skriftlike fragen steld oan deputearre Sietske Poepjes. As it mei nije techniken minder as 800 bunder wurde kin, dan is dat moai, seit FNP-fraksjefoarsitter Sijbe Knol, mar de provinsje hat wol kaders steld. "We ha in opdracht yn de enerzjytransysje, mar wy moatte it as Fryslân wol mei-inoar dwaan. De kaders foar bygelyks in maksimum oantal bunder of tal mûnen binne der ek om ús lânskip te hoedzjen en te noedzjen. Dus ja, we moatte ús ferantwurdlikens pakke, mar dit is wol hiel grouwélich."
Wethâlder Jan Dijkstra by Seisbierrum © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Dijkstra wol earst ôfwachtsje hoe't de plannen falle yn de eigen gemeente. "As wy mei in goed plan komme, dat stipe krijt fan de mienskip, is it in oar ferhaal. Wy wolle partisipaasje. En dat de stroom dy't wy opwekje, it jild hjir ek efterlit. Wy moatte earst mar ris hearre wat ús ynwenners en de ried derfan fine." En dy meie ek altyd eigen ideeën oandrage, seit de wethâlder derby. "Je kinne je ek foarstelle dat as je sa'n lânskip oanpasse, dat je dêr moaie fyts- en kuierpaden yn bringe."
In soad minsken belje ús op en freegje wat der te rêden is. It soarget wol foar opskuor.
FNP-fraksjefoarsitter Sijbe Knol
Mar neffens Knol wurdt it 'm earst net. "Sa't de hjoeddeiske polityk der hinne leit, is dit projekt kânsleas. It stiet in gemeente frij om in plan te meitsjen, mar je moatte ek draachflak ha. In soad minsken belje ús op en freegje wat der te rêden is. It soarget wol foar opskuor."

FNP Waadhoeke tsjinoer FNP yn Steaten? 'It kin nuver oerkomme'

Dat de FNP yn Waadhoeke no tsjinoer de FNP yn de Steaten stiet, dêr wolle de manlju neat fan witte. Dijkstra: "De provinsje tinkt hiel goed om it lânskip, dêr docht myn partij hiel goed oer mei. Yn Waadhoeke ha we deselde noed oer it lânskip. It is mear in ferskil fan ynpassing as dat we streekrjocht tsjinoer elkoar steane."
Knol makket him der ek net sa drok oer: "It kin nuver oerkomme, mar de hear Dijkstra is yn tsjinst fan gemeente Waadhoeke. De gemeenteried dêr hat him de opdracht jûn om mei in plan foar 2040 te kommen. Dat is syn ferantwurdlikens. En wy ha dy ferantwurdlikheid yn Provinsjale Steaten. Sa no en dan komme je inoar ek wolris tsjin. Dêr is ek neat mis mei. De ynstek is goed."