Fryske rydskoallen wifeljend oer advysrapport: rydlessen kinne djoerder wurde

14 apr 2021 - 17:30

Autorydlessen en -eksamens moatte flink feroarje, dat stiet yn in rapport dat troch in advyskommisje oanbean is oan minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ferkear. Der soene meardere teory- en praktykeksamens komme moatte. Easken foar ynstrukteurs moatte stranger en der moat in nije ynspeksje ta kontrôle komme. Neffens Fryske rydskoalhâlders sitte der goeie ideeën tusken, mar hawwe de plannen ek neidielen. Sa kinne losse rydlessen flink djoerder wurde.

Foto: Shutterstock.com (Dafinchi)

Rydskoallehâlder Ettie Isodora fan Snits kent it byld fan grutskalige misstannen net werom. "Ik denk dat de autorijlessen van de meeste rijscholen goed genoeg zijn. Het rapport dat aan de minister aangeboden is door Emile Roemer is een onderzoek naar hoe de rijschoolbranche alles zou kunnen verbeteren. Roemer vindt dat het vak meer gewaardeerd moet worden, dat vinden wij ook. Hij wil onderzoeken of een mbo-opleiding een oplossing is om de kwaliteit te verbeteren."

Ferantwurdlikens CBR

Isodora wiist ek op de ferantwurdlikens fan it CBR (Centraal Bureau Rijvaardigheidsbewijzen). "Er zijn zo'n 6.600 rijscholen, waarvan 1.500 niet goed presteren. Het CBR kan in het systeem zien welke rijscholen lage percentages hebben en geen examens afnemen. Daar kunnen ze in principe de overeenkomst mee opzeggen. Met misstanden bedoelen ze examenfraude, slecht lesgevende instructeurs en financieel wanbeleid. Iedereen is het er wel over eens dat dit moet veranderen. Maar daar kunnen het CBR en IBKI ook veel aan bijdragen." It IBKI is it ynstitút foar eksaminearring en sertifisearring foar de mobiliteitsbrânsj.

Rydskoallehâlder Ettie Isodora fan Snits

It CBR hat lykwols sels ek mei in soad problemen en efterstannen te krijen. Dat moat neffens Isodora ek oars. "We hebben aangegeven dat het niet verkeerd zou zijn om serieus te overwegen om meerdere examen-instituten toe te laten. Wij krijgen zelf iedere vijf jaar van het IBKI of het CBS een beoordelingsprotocol. Dan komt er iemand achter in onze auto zitten om te kijken hoe we het doen. Ze willen dat dit vaker gebeurt, maar er is nu al te weinig capaciteit bij het CBR."

Mear toetsen is djoerder

Der soene mear tuskentiidske teory- en praktyktoetsen komme moatte, sa stiet yn de plannen. Fan dit plan sjocht Isodora ek neidielen. "Als er meerdere toetsen nodig zijn die het CBR af moet nemen, dan zal het ook duurder worden. Dat lijkt me niet de bedoeling. Nu zijn de prijzen ongeveer 42 euro per uur, dan zou het misschien richting de 60 euro gaan." Boppedat wurkje in soad rydskoallen al mei tuskentiidske toetsen.

Trefwurden: 
CBR rydskoallen
(Advertinsje)
(Advertinsje)